Hoofdtekst
Bontsje Keke syn heit wie èk de sawnde fan sawn. Sadwaende wie hy sèls mei de dûbelde helm geboaren. Fan Twizel nei de Swâdde roun in lykpaed. En der roun ek in lykpaed fan Kollumersweach nei de Swâdde. Dy beide lykpaden kamen sahwat op itselde plak by de Swâdde út. Op dy lykpaden wie Bontsje Keke nachts wit hoe faek to finen. Dêr seach er de lykstaesjes. Dy moesten dêr lâns. En as der wer sa'n lykstaesje op komst wie, dan moest Keke ta 't bêd út. Dan koed er onmooglik lizzen bliuwe, ek al woe er noch sa graech. Krekt as sieten se him dan achter. Soms seach er twa, trije lykstaesjes op ien nacht. Hy wie deawarch, as er wer thúskaem. Hwant hy moest soms hurd rinne om se op tiid to sjen. Dan gongen de hekken samar út harsels foar him iepen.
Hy fortelde it wol gauris as er wer in hiele nacht yn 'e wapens west hie. Dan sei er: "Nije wike wurdt hjir ien bigroeven. 'k Ha de lykstaesje sjoen."
Soms sei er: "Der stjert ek wer in popke nije wike. 'k Ha in lyts kistje sjoen, dêr't se achteroan roannen." Ek wol sei er: "Nou stjert der oer in pear dagen in kreamfrou. 'k Seach de lykstaesje. Der lei in wyt ruft oer de kiste hinne."
Dêr roan ek in lykpaed nei Westergeast, dêr wie er ek faek, dêr seach er ek lykstaesjes. De boaze siet him altyd achter. Hy hie twa helms, dêrtroch seach er folle mear as oaren dy't mei de helm geboaren wienen.
Syn dochter forsûpte har yn 'e dobbe. Dêr hat er de lykstaesje ek fan tofoaren fan sjoen.
In soan fan him wurke op 'e klaei by in boer yn Uthuzermeden. Doe't dy thuskaem, hong er him sels op oan in beam yn 't apelhôf. Ek dat hat Keke fan tofoaren witen. Japik hiet dy soan.
Keke wie tige meger. It hier, dat hong him oer de kraech fan 'e jas. Ik haw him tige skoan kend.
De man wie noait wolkom, as er ergens kom. De lju tochten altyd: o heden, nou gebeurt hjir aenst hwat. Dat wie dan in sterfgefal fansels. Hy leefde bot ôfsondere. As in hjerremyt. Sa seach hy der ek út.
Net ien woe him ha to werken.
Roan der jouns ien mei him op, dan koed er samar sizze: "Even oan kant gean, der mat in lykstaesje passeare."

Onderwerp
TM 2901 - Helmdragers   
Beschrijving
Een zevende van zeven zonen is met een dubbele helm geboren. De helmdrager wordt 's nachts vaak uit bed naar lijkpaden gedreven om sterfgevallen te voorzien in passerende lijkstoeten. De helderziende moet zich soms haasten ter plekke te zijn als het voorgezicht zich aandient. Omdat hij met twee helmen geboren is, ziet hij veel meer dan andere helmdragers. De man is geen graag geziene gast omdat iedereen bang dat er iets staat te gebeuren als hij verschijnt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1117, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
10 juli 1974
Helmdragers & SINSAG 0489 Das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
Bontsje Keke   
Swâdde   
Westergeast   
Uthuzermeden   
Japik   
Naam Locatie in Tekst
Twizel   
Kollumersweach   
Keke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21