Hoofdtekst
Der wie in man, dy hie in gesin. Dy man wie in wjerwolf. By 't tsjuster wie er warber. Doe wie der in oaren ien dy wie mei syn maet der op út. Hja rounen togearre troch de Kûkhernster lânnen en doe kaem dy wjerwolf har tomjitte. De man, dy't mei syn maet wie fortocht de man fan dat gesin, dat dàt de wjerwolf wie, mar hy wist it net seker. Doe't dan dy wjerwolf oan harren ta wie, smiet er him gau syn reade bûsdoek ta en doe bleau de wjerwolf fan har ôf. Doe sei dy man tsjin syn maet: Litte wy ris nei dat en dat hûs ta gean - dat wie it hûs dêr't dy wjerwolf wenne. Hwant hy woe wite oft de bewenner fan dat hûs de wjerwolf wie.
Allinne doarst hy der net hinne. Dêrom naem er syn kammeraet mei. 't Wie tusken Kûkherne en Burgumerheide. De beide mannen kamen fan 'e Westerein.
Doe kamen se dêr dan. De frou wie thús, mar gjin man. 't Wie dêr tsjuster yn 'e hûs. De frou die de lampe net oan.
Mar de iene man hie in bûslantearne by him. Even letter, dêr kaem de man thús. Doe hâldde de iene Westereinder gau syn bûslampe op dy man syn gesicht en doe seach er dat dy keardel de stikken fan 'e reade bûsdoek noch tusken 'e tosken sitten hie.
Sadwaende kaem er to witten hwa't de wjerwolf wie.

Beschrijving
Een man die met een maat buiten loopt, verdenkt een hem naderende man ervan een weerwolf te zijn. Als de weerwolf dichterbij komt, werpt de man hem snel zijn rode zakdoek toe. De weerwolf laat de man vervolgens met rust. Omdat de twee kameraden toch graag willen weten of ze met een echte weerwolf te maken hebben gehad, gaan ze naar het huis van de man. Als de man thuiskomt, schijnen ze hem met een lantaarn in het gezicht. De stukken van de rode zakdoek hangen hem nog tussen de tanden. De man is daadwerkelijk een weerwolf.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1117, verhaal 18 (archief MI)
Commentaar
10 juli 1974
Naam Overig in Tekst
Kûkhernster   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Burgumerheide   
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21