Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112103

Een sage (mondeling), dinsdag 30 juli 1974

Hoofdtekst

't Wie yn 'e tiid dat Talma en Troelstra de boer op gongen to sprekken. Dat gebeurde ek in kear to Moarmwâld.
Master Riemersma fan Gytsjerk moest oan 'e Nieuwe Rotterdammer Courant forslach útbringe fan it debat.
Hy moest earst fan Gytsjerk nei Tytsjerk ta rinne. Dan stapte er yn Tytsjerk yn 'e trein en ried nei Feanwâlden ta. Yn Feanwâlden stapte er yn 'e hynstetram en ried dêrmei oan Moarmwâld ta. Hy moest fansels ek werom, mei deselde reisgelegenheid en wie sadwaende oan 'e tiid boun.
Doe't it dan al hwat letter waerd, sei er tsjin syn maet, dy't njonken him siet: "Ik mat nei hûs, hwant oars kom ik net op 'e tiid by de tram."
Syn maet sei: "Bliuw noch hwat sitten, it wurdt nou krekt spannend." Hwant it debat fan 'e minsken rekke los en dêr wie it de krante foaral om bigoun. Doe liet master Riemersma him biprate en bleau sitten.
Doe't de forgadering ôfroun wie, moest er rinne fan Moarmwâld nei Feanwâlden ta. Der ried net in tram mear. Hy roan de Godloas Singel del - in hiel âld paed fan Dokkum nei de Skierstins - Dat wie de koartste wei fan Moarmwâld nei Feanwâlden. 't Wie wol in ûre rinnen. Sa't er dat paed del roun, kaem him in âld forhael yn 't sin, dat dêr nachts altyd in grouwe, swarte houn oer de Skilige Piip roun. (dat wie in brêge).
De minsken seinen, dat wie de duvel sels.
En sa't er op 'e brêge wie, kaem der him in hiele grouwe swarte houn tsjin mei gleone egen.
"It wie omtrint, dat ik troch de groun hinne sonk", sei er letter. Hy hat dat noait wer forgetten.

Onderwerp

SINSAG 0883 - Teufel als Hund; hält Sünder Gesellschaft.    SINSAG 0883 - Teufel als Hund; hält Sünder Gesellschaft.   

Beschrijving

Over een bepaalde plaats wordt verteld dat er een grote zwarte hond zou ronddolen. Mensen vermoeden dat het dier de duivel is. Een man stuit inderdaad op die plaats op een hond met gloeiende ogen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1121, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

30 juli 1974
Teufel als Hund; hält Sünder Gesellschaft.

Naam Overig in Tekst

Troelstra    Troelstra   

Moarmwâld    Moarmwâld   

Master Riemersma    Master Riemersma   

Nieuwe Rotterdammer Courant    Nieuwe Rotterdammer Courant   

Skilige Piip    Skilige Piip   

Naam Locatie in Tekst

Talma    Talma   

Gytsjerk    Gytsjerk   

Tytsjerk    Tytsjerk   

Feanwâlden    Feanwâlden   

Godloas Singel    Godloas Singel   

Dokkum    Dokkum   

Skierstins    Skierstins   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21