Hoofdtekst
In nachtmerje is ien fan sawn famkes dy't op elkoar folgje. Sa'n nachtmerje komt troch it kaeisgat by de lju yn 'e hûs.
Alde Geale bakker hie in hynder, dêr kaem ek elke nacht in nachtmerje by. Moarns sieten der allegearre flechtsjes yn 'e moanjes fan it beest. Doe retten se Geale oan, hy moest moal struije op 'e bank, dy't by 't hynder lâns stie. Doe hat Geale dat dien, en de oare moarns siet der in frommeske op it hynder. Dat wie de nachtmerje, dy koe net wer fuortkomme. Doe sei Geale tsjin har: "Ast dat ien kear wer lapste, giest dea."
"Ik kom hjir net wer", sei se. En doe moest er har bilove dat er har net forriede soe. Hja hat dêr net wer west.

Onderwerp
SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   
Beschrijving
Een nachtmerrie is er één van zeven in leeftijd op elkaar volgende meisjes. Een nachtmerrie komt door het sleutelgat het huis binnen. Ook een paard wordt gekweld door een nachtmerries: ze vlecht de manen. Als de eigenaar van het paard meel strooit in de stal, zit er de volgende morgen een vrouwtje - de nachtmerrie - op het paard. De nachtmerrie kan niet wegkomen omdat ze meel op zich heeft. De man dreigt haar dood te maken als ze nog eens terugkomt. De nachtmerrie belooft voortaan weg te blijven, als hij haar niet verraadt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1123, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1974
Begegnung mit Mahr.
Naam Overig in Tekst
Geale   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21