Hoofdtekst
Der wie in frou forstoarn, dy hie by har leven in hiel soad breide. Altyd foar in oar.
Dat breidzjen lei yn 't laed fan in kast.
De man wist net hwat hy der mei dwaen moest.
Op in kear, doe't er fan 't wurk thúskaem, seinen de beide famkes: "Heit, mem hat hjir hjoed west."
"Leave," sei er, "dat kin net. Mem is dea, en dy komt net wer."
"'t Is dochs sa", seinen de famkes.
Dat gebeurde sa in pear kearen achter elkoar. As hy fan 't wurk werom kaem, seinen de famkes: "Mem hat der west."
Op in kear seinen se tsjin him: "Sy is nei de kast ta gong en sy hat it laed iepenskoud. En doe hat se it breidzjen yn 'e hannen hawn."
Doe moest de man it wol leauwe. Hy gong nei 't laed ta en sei: "Hwer soe dat breidzjen hinne matte?"
Doe seinen de famkes: "Dat wite w_ wol."
Doe ha dy famkes it breidzjen toplak brocht. De frou hat der noch ien kear west, mar letter noait wer.

Onderwerp
SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   
Beschrijving
Een vrouw die haar hele leven veel gebreid heeft, blijft na haar dood rondspoken. De overledene gaat naar de kast toe en houdt haar breiwerk in haar handen. Haar dochters weten waar ze het breiwerk naar toe moeten brengen. Als het op de plek van bestemming aankomt, vindt de vrouw rust.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1123, verhaal 39 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1974
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21