Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112515

Een sage (mondeling), dinsdag 06 augustus 1974

Hoofdtekst

Elke dei kaem de molkrider by him om de bussen mei molke op to heljen. Dy moesten nei 't bûterfabryk to Aldebiltsyl. In weinfol bussen hie dy molkrider en dêr rounen twa hynders foar.
't Wienen weinen mei hoepen om 'e tsjellen hinne.
Doe rekke der op in kear sa'n hoep fan in tsjel ôf. Doe koe dy molkrider net fierder ride. Hy wie yn 'e buert fan Wopke Brouwer. Dêr gong er hinne en hy sei tsjin Wopke: "Ha jo hjir ek even in weinwip foar my, hwant ik mat in oar tsjel ûnder 'e wein ha." "Jawol," sei Wopke, "dy haw ik wol." Doe seach er nei de wein mei molkbussen. Hy sei: "Dêr hoeve wy net in weinwip foar to brûken wol?"
"O né," sei de molkrider, "hoe woenen jo 't dan dwaen?"
"Dat kinne wy togearre wol opknappe", sei Wopke.
"Jo sette dat tsjeltsje der yn en ik til de wein mei molke wylst even op."
De molkrider wie jong en sterk en hy koe wol hwat huffe. Mar hy sei: "Dat kin noait, dat bistiet net."
"Wis wol," sei Wopke, "dat krije wy togearre wol foar inoar."
De molkrider krige it tsjel en Wopke tilde de iene kant fan 'e wein radikael op. Doe't de molkrider dat seach waerd hy der wyt fan om 'e holle. It wie in wein fol molke. It wie doe samar klear, sûnder weinwip.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een buitengewoon sterke man helpt een melkboer een kapot wiel van zijn wagen te verwisselen: hij tilt de wagen vol melk op.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1125, verhaal 15 (archief MI)

Commentaar

6 augustus 1974
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Aldebiltsyl    Aldebiltsyl   

Wopke Brouwer    Wopke Brouwer   

Wopke    Wopke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21