Hoofdtekst
In nicht fan my wie faem by Wopke Brouwer.
Hy wie in greate, grouwe keardel, dy't hiel hwat iten nei binnen sloech.
Om alve ûre krigen se waerm iten. Dan hie er it board oploege fol. Mar om ien ûre (twa ûren letter dus), wie er wèr thús, en dan moest er wèr ite.
Myn nicht sei, syn bêd wie krekt in hounenêst, sa stonk it fan dat protte iten.
Op 't lêst waerd Wopke siik, mar hy is mar krekt siik west. Binnen de wike wie er dea, jy soenen sizze, en dat sa'n sterke keardel. Hy wie noch net âld.
Se ha him yn in hiel swiere iken kiste lein. Tolve man hienen de skouders dêr ûnder, hja koenen de kiste mei 't lyk hast net tille. As se in fyftsjin meter roun hienen, dan bleauwen se wer stean om even to bikommen.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een buitengewoon sterke man heeft de hele dag behoefte aan eten. Als de krachtpatser jong sterft, wordt hij in een zware eiken kist gelegd. Het kost de twaalf dragers erg veel moeite de kist te dragen: ze moeten steeds stoppen om op krachten te komen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1125, verhaal 17 (archief MI)
Commentaar
6 augustus 1974
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Wopke Brouwer   
Wopke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21