Hoofdtekst
Der wenne in man yn Aldegea (Smellingerlân), dat wie in jager. Dy hie to jeijen west, hy hie einen sketten. Dy einen hied er fêstboun mei in tou om 'e poaten en sa sjoude hy se. Sa kaem hy der mei thús en doe sloech er út 'e grap de frou mei de einen tsjin 'e holle. Hy rekke har mar krekt, mar hja skrok der fan. Hja waerd tige kjel. Hja wie yn forwachting.
Doe't it bern geboaren woarde, hie dat bern de printen fan 'e fearren op it wang sitten krekt op 'e selde kant dêr't de man de frou mei de einen rekke hie. Ik ha de man wol kend. Dy fearren hat er syn hiele leven lang op it wang sitten hawn.

Onderwerp
TM 4901 - Schrikken tijdens zwangerschap   
Beschrijving
Een jager geeft zijn zwangere vrouw voor de grap een slag in het gezicht met een geschoten eend. De vrouw schrikt er erg van en baart een kind met een afdruk van veren op de wang.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
onbekend
Schrikken tijdens zwangerschap
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Smellingerlân   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21