Hoofdtekst
Yn 'e Sumarreheide wenne in âld minske, dat wie in tsjoenster. Har man wie in Dykstra, syn bynamme wie Murd. Hja wenne yn 'e helte fan in dûbele wente achter de woaningstifting. Dwarsoer wienen 't allegear heidedunen. 't Wie yn 'e winter en der lei in dikke laech snie. Doe kom dat âlde minske (dy tsjoenster) to forstjerren. Hja leinen it lyk op in boerewein en sa moest it troch de snie nei Sumar riden wurde. It wienen och sokke minne paden. 't Wienen allegear sângatten en dy wienen net to sjen troch de snie.
Underweis nei 't tsjerkhôf kaem de wein yn sa'n kûle tolanne. De doomny rekke ek noch ûnder fuotten en de kiste wie stikken. Doe ha se dêr in hiel skoft stien to wachtsjen op 'e timmerman, Paulus Tinga, dy't ophelle waerd.
De minsken seinen: "Hja wol net nei 't tsjerkhôf ta. Hja is in tsjoenster, dy't nei de dea nòch macht hat. De duvel wachtet op har. Dêr wol se net hinne."
Hja joegen it âld minske de skuld, dat it sa raer gyng. Jierren letter stoar har dochter. Dat wie it wiif fan Ljibbe Fûgeltsje. 't Wie èk in tsjoenster, krekt as har mem. Dy wenne ek yn datselde dûbelde hûs. Hja wie tige âld, doe't se stoar.
Hja brûkten doe net mear in boerewein, mar in lykkoets mei in hynder.
Doe lei der ek wer snie. Okke Jansma fan Sumar wie de lykrider. Doe't er opstappe woe op 'e izeren tré fan 'e lykkoets, glied er út en syn foet wie stikken. Der kamen allegearre minsken omhinne to stean, krekt as yndertiid mei har memme dea.
Der moest in oare lykrider komme, mar der wie net ien dy doarst. Allegear wienen se bang foar de kweade machten fan 'e tsjoenster, dy't nei har dea noch freze waerd. Hja wienen bang dat har hwat oerkomme soe as se it lyk rieden, omdat der in tsjoenster yn 'e kiste lei.
Mar de bigraffenis moest trochgean. Op 't lêst hat har eigen broer Jan Dykstra, riden.

Beschrijving
Het heeft heel wat voeten in de aarde om twee heksen te begraven: een wagen loopt vast, een kist valt stuk, de dominee en de koetsier gaan onderuit. De heksen oefenen zelfs na hun dood nog kwade machten uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
onbekend
Naam Overig in Tekst
Dykstra   
Paulus Tinga   
Ljibbe Fûgeltsje   
Okke Jansma   
Jan Dykstra   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Murd   
Sumar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21