Hoofdtekst
Evert Tsyske wenne yn 'e Sumarreheide. Hy hie in jonge, dat wie Age. Dy wenne by him yn 'e hûs. Dat wie in hiel raer man.
Liuwe de Haan hie in kroech yn Garyp-Sigerswâld. Dy kroech stie oan in paedtsje. Dêr siet Age in protte en dan sei er it raer op. Syn maten seinen: "Dû mast mar hwat foarsichtich wêze." Mar hy sei: "Ik jow om neat."
Doe wied er op in nacht, doe't er dêr yn 'e kroech sitten hie, thús kaem, alhiel út 'e liken. It swit stie him yn 'e nekke, sa binaud wie er. Doe hienen trije neakene froulju him neisitten. Hwat hurder hy roan, hwat hurder dy neakene froulju roun hienen. Dêr wied er letter aerdich fan bikaem.

Beschrijving
Een spotter zit in de kroeg te vloeken en pocht nergens om te geven. Als hij 's nachts eens op de hielen gezeten wordt door drie naakte vrouwen, breekt het angstzweet hem uit. De zondaar houdt zich sinds het gebeurde een stuk rustiger.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 28 (archief MI)
Commentaar
onbekend
Naam Overig in Tekst
Evert Tsyske   
Liuwe de Haan   
Garyp-Sigerswâld   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Age   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21