Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113016

Een sage (mondeling), dinsdag 20 augustus 1974

Hoofdtekst

It lang ein tusken Broeksterwâlde en de Falom wie tige birucht. Nergens dêr't it sa bot spûke as dêr.
Op in snein-to-joun, nei iten, kuijeren der in stik of hwat fan dy jonge bazen fan Broeksterwâlde nei de Falom. Hja kochten dêr yn 'e Falom hwat bier en doe gongen in stik of trije fan dy jongfeinten oan 'e kant fan 'e wei yn 't gjers lizzen to praten. 't Wie yn 'e simmer en moai waer. Wylst se dêr sa leinen kaem der in frommes oan en dy gong har foarby sûnder hwat to sizzen. Hja roun tusken de rails fan 'e hynstetram.
De trije jongkeardels founen dat in nuver gefal. Even letter kaem myn neef de wei del, út 'e oare richting wei. Doe seinen se tsjin myn neef: "Hastû dat frommes ek kuijerjen sjoen?"
"Né," sei er, "ik ha neat sjoen, mar der foel ynienen hwat op 'e wei del, sûnder dat ik it sjen koe."
Dy dame, dat wie in spoek. 't Wie in frommes dat dêr yn froeger tiden formoarde woarn wie en dy't net rêste koe.

Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Op een beruchte spookplaats passeert een zwijgende vrouw een stelletje jongelui. De vrouw rent tussen de rails van de paardentram. Een andere jongen verklaart dat er iets op de weg gevallen is, wat hij niet kan zien. De vrouw is een spookvrouw. De vrouw kan geen rust vinden omdat ze vroeger vermoord is.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1130, verhaal 16 (archief MI)

Commentaar

20 augustus 1974
Andere Tote spuken (34. Ermordete)

Naam Overig in Tekst

Broeksterwâlde    Broeksterwâlde   

Falom    Falom   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21