Hoofdtekst
To Hurdegaryp, dêr't earder dokter Bontekoe wenne hat, dêr is in homeije, dêr stiet de hekke altyd fan iepen.
De bargeriders fan Broeksterwâlde moesten dêr yn 'e nacht fan tongersdei op freed altyd lâns.
Op in kear sieten der twa Broeksters op sa'n bargewein.
Doe't se oan 'e hekke ta wienen, sei de iene: "Sjoch, dêr giet in frommes hinne yn 'e nachtklean."
De oare seach it ek. Dy sprong fan 'e wein ôf en sei: "Ik wol wite hwat frommes as dat is." Doe gong dat frommes troch de homeije hinne. 't Wie in geest. Se wie ynienen wei. Se seagen neat mear.
Dy hekke dêr kinne se noait ticht hâlde. Nei alle gedachten, omdat dat minske der troch mat.

Onderwerp
TM 3401 - Het spookhek   
Beschrijving
Op een bepaalde plaats springt een hek altijd open: een spookhek. Bovenop het hek wordt 's nachts eens een vrouw in nachtkledij gesignaleerd. De vrouw is even plotseling verdwenen als ze verschenen is: het is een spookvrouw. Het hek kan nooit dicht omdat de spookvrouw er door moet kunnen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1130, verhaal 51 (archief MI)
Commentaar
20 augustus 1974
Het spookhek
Naam Overig in Tekst
Bontekoe   
Broeksterwâlde   
Broeksters   
Naam Locatie in Tekst
Hurdegaryp   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21