Hoofdtekst
To Súdlaren yn 't gesticht, dêr wienen de pasjinten oan 't luchtsjen yn in great gazen hok. It wie sutrich waer, it reinde min of mear.
Doe kaem dêr in jager lâns. Dy hie in moai grien pak oan, in fear op 'e hoed, in automatysk gewear oer 't skouder en in weitas op 'e side. Hy seach der o sa moai út.
Doe sei ien fan dy gekken tsjin him: "Sille jo to jeijen mei dit waer?"
"Ja," sei de jager, "ik ha dat lân dêr jinsen pacht foar 300 goune - dan mat ik dêr dochs ek wol ris hinne to sjitten. Oars kin 't net út."
It reinde de hiele dei dat it spielde.
De jouns wie dyselde pasjint wer oan 't luchtsjen.
Dêr kaem dy jager wer oan. Hy hie in ein yn 'e hân. Doe sei dyselde pasjint tsjin him: "Jo ha hwat sketten, hè?"
"Ja," sei de jager, "in ein."
"Hwat is sa'n ein wurdich?" frege de gek.
"60 sinten", sei de jager. "'k Ha fjouwer kear sketten."
"Hoefolle kostje de patroanen?" frege de gek.
"Twa dûbeltsjes it stik", sei de jager.
"Dus jo ha foar tachtich sinten forsketten. En hwat kostet jo gewear?" frege de gek.
"450 goune", sei de jager. "En it pak klean kostet hûndert goune en de hoed fyftich goune. En de fear 25 goune en de tas fyftich goune."
Ynienen sjocht de pasjint achterom. En dan seit er sunich: "Fuort, fuort, man, meitsje gau dat jo fuort komme - "
De jager sei: "Hwerom?" Hy wie forbaesd.
"Sjogge jo net dat de direkteur der oan komt", sei de gek. "As dy jo sjocht en hy heart hwat jo fortelle, dan komme jo hjir fuort yn."

Beschrijving
Een psyhiatrisch patiënt die aan het luchten is raakt in gesprek met een passerende jager. Ze praten wat over het slechte weer - het regent - en de patiënt verbaast zich erover dat de man met zulk beroerd weer op jacht gaat. Omdat de jager een duur stuk land gepacht heeft om te kunnen jagen, moet hij er ook goed gebruik van maken om het geld 'eruit te krijgen'. Als de jager 's avonds thuiskomt met een eend, is de patiënt toevallig ook weer buiten. Hij vraagt de jager wat de eend waard is en de jager antwoordt dat het dier zestig cent waard is. De patiënt vraagt de jager vervolgens hoe duur zijn patronen en zijn geweer zijn. De jager beantwoordt alle vragen en vertrouwt de patiënt ook de enorm hoge prijzen van zijn pak, hoed en tas toe. De patiënt raadt hem hierop aan snel te vertrekken, want de directeur van het gesticht zal zo'n grote gek als de jager vast direct opnemen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 11 (archief MI)
Commentaar
2 september 1974
Naam Overig in Tekst
Súdlaren   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21