Hoofdtekst
In stikelbaerch en in hazze dy troffen elkoar yn in stik rogge. Doe sei de hazze tsjin 'e stikelbaerch: "Dû meist wol meitsje datst thús komst, hwant dû bist net sa fluch op 'e gong. En de loft wurdt minder. 't Bigjint aenst to reinen."
De stikelbaerch sei: "Ik kin hurder rinne as dû."
Doe sei de hazze: "Tochst dat? Wedzje dat ik it win?"
Doe sei de stikelbaerch: "Bêst. Dat sil fuort oangean. Mar dan mat ik ears even nei hûs ta om myn gymmastykskuon op to heljen."
Doe kaem dy stikelbaerch by syn wyfke. Hy stjûrde har nei de oare ein fan it stik lân ta. "Dû mast dêr yn 'e fyfte greppel sitten gean", sei er tsjin har.
Dat wyfke die dat.
Doe kaem de stikelbaerch mei de gymmestykskuon oan wer by de hazze.
Hja akkoarten, hja soenen elk yn in greppel lâns rinne oan 'e oare ein ta. De stikelbaerch hie syn wyfke goed bitsjut hwat se dwaen moest.
Doe gongen dan de stikelbaerch en de hazze op stap. De stikelbaerch naem de fyfte greppel. Mar hy bleau al gau sitten en gong doe wer nei 't útgongspunt werom.
Mar de hazze roan nei de oare ein. Mar doe't er dêr oankaem, kaem it stikelbaerchwyfke mei de kop omheech út 'e greppel to foarskyn. "Ik bin der al", sei se.
De hazze miende dat it deselde stikelbaerch wie dêr't hy tsjin roun en hy sei: "Fuort mar wer werom."
Mar doe trof er dêr it mantsje oan 'e oare kant en dy sei tsjin 'e hazze: "Bist wer lêst."
Dat gong sa in kear of fiif, seis.
Op 't lêst wie de hazze wei. Doe lei er dea yn 'e greppel, sa hurd hie er roun.
Doe sei de stikelbaerch: "Dat hat er fan syn eigenwizens."

Onderwerp
AT 0275A* - Race between Hedgehog and Hare   
ATU 0275C - The Race between Hare and Hedgehog.   
Beschrijving
Een haas en een stekelvarken houden een hardloopwedstrijd. Als het stekelvarken zogenaamd even naar huis gaat om zijn gymnastiekschoenen op te halen, geeft hij zijn vrouwtje opdracht zich in een greppel bij het eindpunt te verbergen. Als de haas nadert, springt het vrouwtje plotseling tevoorschijn, zeggend 'Ik ben er al!'. De haas is in de veronderstelling dat hij hetzelfde stekelvarken voor zich heeft en spoedt zich snel weer naar het beginpunt om het stekelvarken dan nu te verslaan. Als de haas de terugtocht naar het beginpunt bijna voltooid heeft, duikt het andere stekelvarken (het mannetje) weer op. De haas denkt dat zijn tegenstander hem al die tijd is voorgebleven. De haas blijft zich inzetten tot hij van vermoeidheid sterft.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
2 september 1974
Race between Hedgehog and Hare
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21