Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113636

Een mop (mondeling), maandag 02 september 1974

Hoofdtekst

Der stie ergens in âld pleats, dy wie o sa min.
Dêr wenne in âld minske yn mei har soan; dy wie âld-feint. Hy woe dy pleats opbrânne en dan in nijen fan 'e forsekering wer ha. Hy wachte op 'e tonger. Doe wie 't op in kear swier waer. De soan siet op 't hea mei lúsjefers. Doe kaem der ynienen in swiere slach. Doe rôp it âld-minske: "Nou mar, hear! 't Kin nou wol. Stek him nou mar yn 'e brân!"
Doe hie de soan it hea yn 'e brân stutsen. Hy kaem fan boven en gong mei syn mem yn 'e keamer.
Mar dêr gong ynienen de foardoar iepen en dêr kamen twa plysjes ta 't hûs yn. Dy hienen dêr stean to skûljen. En dy hienen 't âld-minske roppen heard: "Stek him nou mar yn 'e brân!"
Doe sieten se der raer by.

Beschrijving

Een oude vrouw en haar inwonende zoon proberen de verzekering op te lichten. Ze willen hun oude, vervallen boerderij opzettelijk in de brand steken om een nieuw huis van de verzekering te krijgen. Als het eens onweert, spoort de moeder haar zoon aan met de woorden 'Steek hem nou maar in de brand!'. Twee politieagenten die toevallig staan te schuilen voor de regen, horen alles en stappen het huis van de oplichters binnen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 36 (archief MI)

Commentaar

2 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21