Hoofdtekst
Der wie in boer, dy hie twa dochters. Dy moesten mei in deunske kou nei de bolle ta. Dy bolle wie by in oare boer yn 't lân. De boer sei: "Dêr is de bolle, hy sit oan 'e line, gean dêr mar mei de kou hinne." Dat dienen dy froulju, mar hja kamen mar noait werom. De boer mar wachtsje en mar wachtsje op syn dochters en de kou. Op 't lêst tocht er: "Ik mei der wolris hinne to sjen." Hy der hinne, en doe skripten dy froulju nòch mei de kou om. Se woenen him op 'e rêch lizze, mar dat koenen se noait rêdde. Se tochten dat it krekt sa as by de minsken gong.
Beschrijving
Boerendochters gaan met tochtige koe naar de stier. Ze proberen de koe op de rug te leggen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1137, verhaal 11 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 september 1974,
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21