Hoofdtekst
Yn Ljouwert wenne in ûnderwizer, dy hie fakânsje. Hy gong nei 't Bûtenfjild ta to fiskjen yn in âld poel. It wie moai waer en 't woe wol bite. Doe krige er in dikke fisk oan 'e angel, mar doe't er de fisk der ôf helle wie de heak fuort. Doe soe hy der gau in oare heak oan dwaen, mar doe kaem er ta de ûntdekking dat er gjin reserveheakken by him hie. Dat doe koed er net mear fiskje.
Hy tocht: 't is sok moai waer, ik bliuw hjir hwat lizzen. En dan wol 'k aenst even swemme.
Hy hie syn swembroekje net by him, mar hy tochte dan der mar neaken yn. Hjir is dochs net ien dy't my sjocht. Sa wied er in moai skoftsje oan 't swemmen. Mar op 't lêst krige er syn nocht, 't waerd him to kâld. Doe tocht er: "Nou mat ik my mar wer oanklaeije." Hy soe út it wetter wei. Hy stie achter de reiden yn 't wetter. En doe seach er dat der fuort achter dy reiden in deftige dame siet by syn klean, mei in tromfol koekjes en in flesfol ranja by har.
Hy stie achter 'e reiden yn 't wetter en hy fielde him sa kâld. Mar hy koe der net út komme, salang dy dame dêr siet.
Op 't lêst kaem de koekjetromp ticht en yn 'e tas. Mar doe helle se ta dyselde tas in hiele greate bol jern. En dêr bigoun se mei to haken.
De ûnderwizer waerd hoe langer hoe kâlder. Doe bigoun er yn 't wetter to traepjen fan 'e kjeld en doe fielde er dat er ergens op trape. Hy helle 't omheech, en doe wie dat in stâllepanne.
Hy tocht: "Nou bin ik klear." Hy hâldde dy stâllepanne foar 't liif en sa gong er nei syn klean ta.
Hy sei tsjin 'e dame: "Dag mevrouw! Prachtig weer, hè? Ik ben onderwijzer te Leeuwarden."
Doe sei dy dame: "Als u zag wat ik zie, dan zou u niet zo eigenwijs hier voor mij staan."
"Wat is er dan?" frege er, "kunt u misschien raden wat ik denk?"
"Ja," sei de dame, "u denkt dat u hier bedekt voor me staat. Maar daar zit geen bodem in de pan."

Onderwerp
VDK 1686B* - Gedachten lezen   
Beschrijving
Naaktzwemmende man durft niet uit het water te komen als er een vrouw bij zijn kleren zit. Hij stuit in het water op een steelpan die hij voor zijn lichaam houdt als hij uit het water komt. De vrouw zegt hem dat hij denkt bedekt voor haar te staan, maar dat er geen bodem in de pan zit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1137, verhaal 14 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 september 1974,
Gedachten lezen
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Bûtenfjild   
Buitenveld   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21