Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113827

Een mop (mondeling), dinsdag 03 september 1974

Hoofdtekst

Der wie in bakker, dy kaem altyd geregeld by in frou mei syn bakkerswaren. Dy frou, dat wie ien fan syn bêste klanten. Fjouwer kear wyks levere hy har syn spullen.
Mar doe kaem dy bakker op in kear by de frou, doe hied er in eintsje bân ta 't krús út hingjen. It like raer, dat dat bantsje dêr ombingele tusken syn skonken. Doe't de frou dat seach, sei se tsjin him: "Nou matte jo tonei mar trije kear wyks mear oankomme. In oar mat ek hwat fortsjinje."
De folgjende kear kaem de bakker dêr wer mei 't bantsje ta 't krús út.
Doe sei dy frou, hy moest tonei mar twa kear komme wyks.
De trêdde kear hong dat bantsje dêr nòch. Doe sei de frou, hy hoefde tonei mar ien kear wyks mear to kommen.
En doe't dy bakker de fierde kear by de frou kaem en it bantsje dêr nòch altyd wie, doe sei 't minske: "Nou hoege jo foartoan hielendal net wer oan to kommen."
De bakker sei: "Dat bigryp ik net. Ik ha jo dochs altyd goed bihandele. Ik leverje jo goed guod en ha jo noait bidragen." Hy woe wolris wite hwer't him dat oan lei dat er net langer leverje mocht.
Doe sei de frou: "Dat sil ik jo wol sizze. Alle kearen as jo hjir komme, dan hinget der in ein bân by jo ta 't krús út. En dat liket raer."
De man sei: "Dêr haw ik myn reden wer foar. Hwannear ik pisje mat, dan lûk ik oan 't bantsje. Dan is 't spultsje sà ta de broek út, sûnder dat ik it mei de hannen oanreitsje. Dat jo matte mar oannimme fan my, dat de oare bakkers dêr wòl mei de hannen oankomme, en dan mei dyselde hannen oan 't bakkersguod. Mar dêr haw ik myn bantsje foar."
Doe't it minske dàt hearde, sei se: "Jo komme tonei alle kearen wer oan. Ik wol gjin breaspul fan oare bakkers wer ha."

Beschrijving

Een bakker begrijpt niet waarom een zeer goede klant van hem – hij leverde altijd wel vier keer per week brood bij haar af – steeds minder van zijn diensten gebruik maakt. Als hij navraag doet bij de vrouw, bekent ze dat ze het maar raar vindt dat hij altijd een bandje tussen zijn benen heeft bungelen. De bakker legt haar vervolgens uit dat het bandje dient om - als hij moet plassen - zijn broek te openen zonder dat hij zijn handen hoeft te gebruiken. Andere bakkers gebruiken hun handen om hun broek open te maken en gaan daarna rustig verder met hun werk. De vrouw vindt het erg hygiënisch dat de bakker zijn penis niet aanraakt als hij moet plassen en laat de bakker voortaan weer al het brood bezorgen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 27 (archief MI)

Commentaar

3 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21