Hoofdtekst
Doe slepte Trynmuoi by Atsjemuoi op 'e Boelensloane. Hja slepten yn 't selde bêd.
Doe droomde Trynmuoi, Manus Steensma, de molkrider kaem by it bêd, dêr't hja en Atsjemuoi leinen. Hy hie in swart kleed by him, en dat hâldde hy nouris boppe de iene en dan wer boppe de oare. Doe sei er: "Dyselde dêr't ik it kleed opgoai, dy oerkomt in ûngelok." Op 't lêst hie er it kleed oer Tryn-muoi dellein. In pear dagen letter brocht dyselde Manus Steensma it biricht dat Wibe de Boer, Tryn har feint dea wie. (De nachts tofoaren wie Wibe biroerd woarn. Doe wienen se nei 't Fean ta gong, nei dokter Keizer, hwant Wibe wie skjin forlegen. Dokter Keizer hie yn 'e kroech sitten to kaertspyljen mei oaren. Hy woe net mei nei Wibe ta. Even letter wie der al wer ien kaem foar Wibe. Doe hie dokter Keizer op it lêst, heal dronken en flokkende in drank meijown. Dêr hienen se Wibe fan jown en doe wie Wibe alhiel opset rekke en syn tonge hielendal dik. Dyselde nachts wie er stoarn. De oare deis kaem dokter Keizer dêr. Hy hie it drankje krigen, dat er meijown hie, en dat hie er gau yn 'e bûse stutsen. "Dat neem ik maar weer mee," hied er sein, "daar heeft een ander toch niets aan." Se wolle wol ha dat Keizer Wibe forgiftige hat. Earst hat men noch seksje op it lyk forrjochtsje wold, mar dat is net troch gien.)
Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Atsjemuoi   
Trynmuoi   
Andersom   
Wibe de Boer   
Wibe   
Anders-om   
Tryn   
Manus Steensma   
Tryn-muoi   
Fean   
Keizer   
Naam Locatie in Tekst
Boelensloane   
