Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114514

Een mop (mondeling), maandag 16 september 1974

Hoofdtekst

Der kaem in man yn 't café. Dêr siet nòch in man. Dy sei tsjin deselde dy't der yn kaem: "Wolle jo in glês bier mei my drinke?"
"Né," sei er, "ik haw ien kear in glês bier yn myn leven dronken. Dat hat my sa min foldien, dat ik sei: Noait wer."
"Sille wy dan in spul kaerte?" frege de earste man.
"Né," sei er, "ik haw ien kear in spul kaerte mei ien en dat hat my sa min foldien, dat ik sei: "Noait wer."
Doe sei de man: "Dan mar in spul biljerte?"
"Né," sei er, "ik haw ien kear mei ien in spul biljerte, en dat hat my sa min foldien, dat ik sei: Noait wer."
Mar doe sei er: "Myn soan komt hjir aenst. Dy sil miskien wol in spul mei jo biljerte wolle."
Doe sei de man: "Ha jo in soan?"
"Ja," sei de man, "ik ha in soan."
"Dan mar ien tink net?" frege de oare.


Beschrijving

Man slaat een glas bier af, want na een eerste glas bier, dat hem niet beviel, heeft hij zich voorgenomen dat nooit weer te doen. Dezelfde reden heeft hij als de ander hem vraagt te kaarten en te biljarten. De man zegt dat zijn zoon die komt misschien wel wil biljarten. De andere man zegt dat hij dan maar één zoon zal hebben.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1145, verhaal 14 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

16 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21