Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115019

Een sage (mondeling), zomer 1977

Hoofdtekst

Jehannes Meerstra wie ek in duvelbander.
Op it Skilige Pypke wie in spoek. Dat wie in âlde hear, dy siet omkeard op in ezel. Dêr lei in skat - in kiste mei jild - yn 'e groun bidobbe. Dy skat hie dy hear tabiheard.
Doe binne dêr trije duvelbanners hinne west om dat spoek to fordriuwen. De iene duvelbander kaem fan Earnewâld, de twade wie greate Wopke fan Kûkherne en de trêdde, dat wie Jehannes Meerstra. Hja gyngen dêr mei in wein hinne mei twa hynders der foar.
Op 'e wein hienen se in kiste set, krekt sa'n ien as der yn 'e groun siet. Dêr kaem it spoek op 'e ezel op tasetten. Doe ha se it spoek op 'e wein set en de ezel ha se achter oan 'e wein boun.
Mar de beide hynders sloegen op 'e kletter en rounen mei alle gewelt de feart yn. Dêr is doe it spoek fordronken en ek de iene duvelbander (dy fan Earnewâld).

Onderwerp

SINSAG 0401 - Der verborgene Schatz.    SINSAG 0401 - Der verborgene Schatz.   

Beschrijving

Drie duivelbanners proberen een spook te verdrijven. Een spook is een oude heer - omgekeerd op een ezel zittend - die vroeger op die plaats een kist met geld in de grond begraven heeft. De duivelbanners vangen het spook in een grote kist en binden de ezel vast achter een wagen met paarden. De beide paarden die de wagen van de duivelbanners trekken slaan op hol en rennen recht de vaart in. Het spook en één van de duivelbanners verdrinken.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1150, verhaal 19 (archief MI)

Commentaar

zomer 1977
Der verborgene Schatz.

Naam Overig in Tekst

Jehannes Meerstra    Jehannes Meerstra   

Skilige Pypke    Skilige Pypke   

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Earnewâld    Earnewâld   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21