Hoofdtekst
Yn Feanwâldsterwâl moesten twa famkes ris foar har mem nei in winkeltsje om boadskippen. 't Wie in âlde frou dy't dat winkeltsje der op nei hâldde. Dat minske mocht it jongste famke wol lije, mar it âldste net. Hja sei: Myn suertsjes binne op, mar hjir hastû in apel fan my. Doe krige it âldste famke in hiele moaije apel fan har. Doe't se dêr mei thúskaem sei har mem: dy apel fortrou ik net, dy is my to moai. Doe lei se dy apel yn in lege blompot yn 'e kelder. In 14 dagen letter siet der net mear in apel yn, mar allegear lytse podden. Dat âld minske wie in tsjoenster. Dit is wier gebeurd.
Onderwerp
SINSAG 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten   
Beschrijving
Een oude vrouw geeft een meisje dat ze niet zo mag een appel cadeau. De moeder van het meisje verbiedt het kind de appel op te eten en bewaart de vrucht in een bloempot. Veertien dagen later zitten er allemaal kleine padden in de bloempot: de oude vrouw is een heks.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1151, verhaal 15 (archief MI)
Commentaar
30 juli 1977
Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwâl   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
