Hoofdtekst
Sterke Hearke wie arbeider by de boer. Op in kear sei de lytsfeint tsjin 'e boer: Soe Hearke werklik sa sterk wêze as de lju sizze? Dat soe ik dochs wolris sjen wolle. De boer sei: Dan mat dat ris wêze. Dy gelegenheit komt wol.
Op in dei, doe reinde it dat it spielde. Hja hienen by de boer it kofjedrinken dien. It bigoun hwat to lichtsjen en 't waerd wer hwat droeger. Doe sei de boer tsjin Hearke: Ik soe graech in kroadfol sân ha wolle dêr jinsen fan 'e bou. Wolstû dat even helje? Jawiswol, sei Hearke. Hearke dêr hinne mei de kroade. Hearke ladet de kroade smoarfol sân.
Doe soe er dat sân dêr wei kroadzje, mar it kroadetsjil sakke hielendal yn 'e modder wei. It wie ûnmooglik to kroadzjen.
Doe seach Hearke trijekear om him hinne, alle kanten út, hwant hy woe net foar de minsken wêze dat er sa sterk wie. Mar der wie net ien to sjen. De boer en de lytsfeint lykwols stienen foar in finsterke ôf to wachtsjen hwat der gebeure soe, sûnder dat Hearke se sjen koe. Hja seagen hoe't Hearke de kroade fol sân optilde en nei de reed ta droech en dêr wer bigoun to kroadzjen.
Doe wist de lytsfeint hoe sterk Hearke wie (meidield troch myn skoanheit Jan Schippers (^) fan Harkema.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke krijgt het voor elkaar een kruiwagen vol zand - die helemaal wegzakt in de modder - te verplaatsen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1977
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Hearke   
Jan Schippers   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21