Hoofdtekst
By de boer haw ik my bistege. Mar doe moest ik ûnder tsjinst. De boer frege my, doe't ik mei forlof wie: Hwat dogge jimme dêr allegear ûnder tsjinst? Nou, sei 'k, wy marsjeare hwat, wy sjitte en wy smite mei granaten ensa.
Granaten? Hwat dingen binne dat? frege er.
Dat binne krekt dingen as sinaesappels, sei 'k, mar as men se fuort goait, barst alles út elkoar.
Sa'n ding woe 'k wolris sjen, sei er.
Goed sei 'k, oer 14 dagen kom ik hjir wer, dan sil 'k ien meinimme.
Ik naem sa'n sinaesappel mei en doe sei de boer: Smyt him mar ris op dat âld húske (= W.C.), dêr is noait net folle oan bidoarn. Goed, dat die ik. Doe gong it hiele húske mei in knal de loft yn en kaem even letter wer del. Mar doe seagen wy de planken biwegen. En hwat kaem dêr ûnder wei? Syn âld wiif! Hja sei: Nou wol ik fan myn leven noait wer sipels ite!

Beschrijving
Een knecht van een boer moet in militaire dienst en de boer vraagt hem wat hij daar zoal doet. De knecht vertelt hem onder andere over het gooien met granaten. Volgens de knecht is een granaat net zoiets als een sinaasappel, maar als je hem ergens tegenaan gooit, vliegt alles uit elkaar. De boer wil wel eens zo'n granaat zien. De knecht neemt zo'n 'sinaasappel' mee en de boer geeft toestemming het ding tegen de wc aan te gooien. Het hele hokje stort vervolgens in. Even later kruipt de echtgenote van de boer onder het puin vandaan. Ze weet zeker dat ze nooit meer sinaasappels zal eten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 10 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1977
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21