Hoofdtekst
Der wie in hazze dy wie hiel eigenwiis. Hy skepte tsjin elkenien dy't it mar hearre woe oer syn fluggens op. Net ien dy't sa hurd rinne koe, sei er.
De skyldpod krige syn nocht fan dat greatsprekken en sei: "Ik wol wol tsjin dy rinne. Miskien win ik it dan ek noch wol."
De hazze lake him út en sei: "Dat win ik maklik."
De dei fan 'e wedstriid kaem en alle dieren wienen dêr om to sjen. De fokse joech it startsein. En dêr fleach de hazze hinne. Hy wie samar in ein fuort. De skyldpod stapte yn syn eigen gong fuort.
Doe't de hazze op healwei wie, seach er om, mar der wie net in skyldpod to sjen, sa'n ein wie dy achter.
De hazze tocht by himsels: de skyldpod is hjir noch lang net, ik kin wol efkes sliepe.
En hy foel ûnder in beam yn 'e sliep.
Mar de skyldpod stapte wylst yn syn eigen gong troch. Hy kaem by de hazze en seach him dêr wol lizzen. Hy stapte gewoan troch.
Nei in skoft, dêr waerd de hazze wekker. En doe seach er dat de skyldpod hast by de ein wie. Hy skeat oerein en roun sa hurd er mar koe. Se wienen beide hast tagelyk by de streek, mar de skyldpod wie krekt ien stap foar, en hie it woun.
"Sjochst wol," sei de skyldpod, "dat ik wol tsjin dy rinne kin en it ek noch winne?"

Onderwerp
AT 0275A - Hare and Tortoise Race: Sleeping Hare   
ATU 0275A - The Race between Hare and Tortoise   
Beschrijving
Een eigenwijze haas schept tegen iedereen op over zijn snelheid.Een schildpad verklaart een hardloopwedstrijd met de haas te willen aangaan. Onder grote belangstelling van allerlei dieren geeft de vos het startsein van de wedstrijd. De haas vliegt gelijk uit de startblokken; de schildpad stapt in zijn eigen tempo door. Als de haas halverwege omkijkt, is er nog nergens een schildpad te bekennen. De haas besluit even uit te rusten onder een boom. Als de schildpad bij de slapende haas komt, laat hij hem gewoon slapen. Als de haas wakker schrikt, is de schildpad al bijna bij de finish. De schildpad wint de race uiteindelijk.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1156, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
16 augustus 1977
Hare and Tortoise Race: Sleeping Hare
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21