Hoofdtekst
Der wienen in man en in frou, dy krigen noait gjin bern. De frou sei: "Dû mochst wolris nei dokter ta en helje hwat guod op, datst hwat hongriger wurdst."
Doe sei er: "Ik gean moarn fuort hinne."
Hy kaem by de dokter en sei: "Dokter, wy ha noch noait gjin bern, en 't is ek neat wurdich mei my. Hat dokter dêr net hwat guod foar?"
"Jawol", sei dokter, en joech him in pûdtsje mei piltsjes. Hy kaem thús en sei tsjin 'e frou: "Dit is klear. Ik haw in pûdfol pillen en ik ha by de pomp krekt in hânfol ynnaem. Dat ik soe sizze, wy matte fuort mar yn aksje."
Hja skripten tige togearre om. Doe't de frou op 't lêst har nocht hie, doe gong er nei 't bûthús.
Dêr bleau er ryklik lang, dat de frou tocht op 't lêst: ik mei dêr wolris hinne to sjen.
En ja, hear, dêr stie er hielendal op 'e ein op 'e mjilling by de slypstien. Hja sei: "Hwat dochst nou?"
"Ja fanke," sei er, "de beesten ha 'k allegear hawn en ik slypje der nou in puntsje op, hwant de kanarje sil der ek noch oan gelove."

Beschrijving
Een kinderloos stel wil graag kinderen. De man krijgt pillen van de dokter om ervoor te zorgen dat hij seksueel actiever wordt. De man neemt direct een handvol van de pillen. De seksuele behoefte van de man wordt nu wel erg groot: zelfs dieren zijn niet veilig. De vrouw treft haar man bij de kanarie aan met een slijpsteen. De man verklaart zijn penis wat bij te vijlen omdat hij hem passend wil maken voor de kanarie.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1157, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
12 september 1977
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21