Hoofdtekst
Dûmny wie op hûsbisite by in boer, dy wenne hwat ôfgelegen. Dy boer wenne dêr mei syn âlde mem. 't Wie kertier oer alven yn 'e moarn. De doomny woe wer nei hûs ta, mar doe bigoun it krekt to reinen. Dat boaze sa bot oan, dat de boer sei tsjin dûmny: "Jo matte mar by ús ite, jo kinne der sa noait troch. It is sa'n ein troch 't lân hinne, jo hawwe aenst net in drûge tried mear oan jo as jo der sa troch geane." Doe bislute doomny mar mei harren to iten.
De ierpels kamen yn in greate panne op 'e tafel en dêr waerden gjin boarden by set. Dêr moest elk fan 'e trije sa út ite. De brij kaem ek yn in greate panne op 'e tafel. 't Wie grysmoal mei in moai protte kluten deryn. En ja, dêr siet dûmny al to prûmkjen mei sa'n grouwe klute. It âlde minske murk it op en sei: "As dûmny dy dikke klute net kwyt wurde kin, dan goait dûmny him der mar wer yn, hwant ik haw ek al trije kear sa'n grouwe klute yn 'e mûle hawn."

Onderwerp
VDK 1742A* - De kluit in de pap   
Beschrijving
Een dominee blijft bij een eenvoudige boer eten omdat het zulk noodweer is. Als de dominee een heel grote klont in zijn griesmeelpap aantreft, zegt de moeder van de boer dat hij de klont maar moet uitspugen. Het is immers zo'n groot ding: zij heeft hem ook al drie keer in haar mond gehad.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1157, verhaal 12 (archief MI)
Commentaar
12 september 1977
De kluit in de pap
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21