Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115805

Een sage (mondeling), maandag 19 september 1977

Hoofdtekst

Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e minsken dy't achter it lyk oan rounen. It kaem letter altyd krekt sa út lyk as hy it sjoen hie. Sa'n ien wie mei de helm geboaren. Dat wie in flues, dat him oer de holle siet. De kreamheinsters woenen sa'n helm altyd graech ha. Dy knoffelen de helm achterút en forkochten him djûr oan 'e dokter. En dan moest sa'n bern letter alles sjen. As se de helm by de geboarte fuortdaliks forbrânden, hie it bern de gave fan it sjen net mear.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Een helderziende man wordt 's nachts vaak uit bed gedreven om sterfgevallen te voorzien in passerende lijkstoeten. Soms kan hij precies voorspellen wie er sterft als hij de mensen in de stoet herkent. De voorgezichten komen altijd uit. De man is met de helm - een vlies over het hoofd - geboren. Hebberige kraamverzorgsters azen vaak op de helmen om die duur te verkopen aan dokters. Als de helm na de geboorte direct verbrand wordt, heeft het kind geen helderziende gaven.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1158, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

19 september 1977
Das zweite Gesicht & SINSAG 0481 Leichenzug gesehen & TM 2901: Helmdragers

Naam Locatie in Tekst

Jistrum    Jistrum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21