Hoofdtekst
Der wie ris in earme houthakker. Dy krige in jonkje. Dat bern sei by syn geboarte: "As ik skielk great bin, dan trou ik mei de koaningsdochter."
Dat wie fansels hiel bysûnder, dat dat jonkje fuort al prate koe. Al gau kamen in hiel soad minsken dat to witten en op 't lêst de koaning ek. De koaning moest der om laitsje. Hy foun it bispotlik, dat in earm houthakkersbern mei syn dochter trouwe soe.
Mar hy tocht der fierder net oer nei, hwant hy hie wol oare dingen oan 'e holle. En it wie noch lang sa fier net dat dat bern de leeftyd hie fan trouwen.
Sels krige de koaning koarte tiid dêrnei in dochterke.
It wie twintich jier letter, doe moest dy jonge fan 'e houthakker ûnder tsjinst. Hy waerd skyldwacht by it paleis fan 'e koaning. Dêr moest er de wacht hâlde. Doe't er dêr ris op in kear hinne en wer roun, seach er dêr yn 'e tún in fanke, dat wie o sa kreas. Dat wie de dochter fan 'e koaning. Hja seach dy soldaet ek en se kamen tichter by inoar, elk oan in kant fan it hek. Se mochten elkoar fuortdaliks al tige graech lije en elke dei gongen se by inoar stean to praten. En doe sprutsen se ôf, dat sy soenen mei elkoar trouwe.
Doe gong dat fanke nei har heit, de koaning ta en se sei: "Heit, ik ha mei dy soldaet dêr foar it paleis ôfpraet, dat ik sil mei him trouwe. Wy binne it iens woarn togearre. Hy hat it by syn geboarte al sein, dat er mei my trouwe soe."
De koaning sei: "Dat kin neat wurde. Dû kinst net trouwe mei de soan fan in houthakker, dêr komt neat fan yn." Mar syn dochter hâldde oan. Hja woe dy soldaet bislist ha en net ien oars. Doe sei se: "Heit mat mar ris mei him prate."
Dat like de koaning goed ta. Hy tocht: dan fyn ik wol hwat út, dat it oer giet.
De soldaet forskynde foar de koaning.
"Woestû mei myn dochter trouwe?" frege dy.
"Ja Sire," "sa ha wy togearre bisletten", sei de soldaet.
"Hoe komstû der eins by?" frege de koaning.
Doe sei de soldaet: "By myn geboarte wist ik al dat ik mei jou dochter trouwe soe."
De koaning sei: "As dat dan sa is, dan mast earst in opdracht foar my forfulle." Dû mast nei de reus ta, dy't hiel, hiel fier wennet oer bergen en troch dalen, en dan mast my trije fan syn gouden hierren bringe dy't er op 'e holle hat."
De koaning tochte: as er dêr hinne giet, komt er hjir dochs net levend wer, hwant dy reus wie in minskefretter.
Mar de soldaet sei: "Goed Sire, dat sil ik dwaen."
Hy gong earst nei hûs ta en fortelde syn mem fan de fiere reis dy't er ûndernimme soe. Syn mem makke iten foar him ré foar ûnderweis en joech him klean mei en in pear ekstra skuon.
Doe gong dy houthakkerssoan op stap. Doe't er in hiel ein roun hie kaem er by in brede rivier. Dêr lei net in brêge oer, dat hy koe net oan 'e oare kant komme. Mar dêr stie in húske oan 'e oare kant en hy bigoun to roppen. Doe kaem dêr in man út dat húske, dat wie de oersetter. Dy stapte yn in boatsje en roeide nei him ta.
"Hwer mastû hinne?" frege de oersetter.
"Ik mat nei de reus ta, dy't hiel fier wennet, oer bergen en troch dalen. Dy reus hat gouden hier en dêr mat ik trije hierren fan ha."
"Soa," sei de oersetter, "ik sil dy nei de oare kant bringe, mar op ien bitingst. Ik ha myn hiele libbenlang al oersetter west. Dat baentsje hinget my ta de hals út. Mar ik bin der ta oansteld en kin der net fan forlost wurde. Nou is de frou fan dy reus tige wiis en forstânnich. Dy wit der grif rie op. Astû har nou freegje wolst hwat ik dwaen mat om fan dit baentsje ôf to kommen roei ik dy nei de oare kant."
De soldaet biloofde dat er de frou der nei freegje soe en it de oersetter op 'e weromreis sizze.
Hy kaem op 'e oare kant fan 'e rivier en hy roun wer in hiel ein. Op it lêst seach er yn 'e fierte beamkeguod en spitsen fan tuorren. It wie in stêd. Doe't er by de poarte kaem, kloppe er dêr op.
Mar de poartewachter sei: "Wy litte gjin frjemdlingen yn 'e stêd."
Doe sei dy soldaet: "Man, jo matte my der yn litte, ik kin sa net werom, dan kom ik net oer de rivier. Ik mat nei de reus ta, ik mat trije fan syn gouden hierren ha en dy de koaning fan ús lân oanbiede, oars kin ik net mei syn dochter trouwe."
Doe sei de poartewachter: "As jo nei de reus ta sille, kom der dan mar yn. Mar dan matte jo bilove, dat jo dy reus syn frou freegje om rie."
"Rie, hwer foar?" frege de soldaet.
Doe sei dy poartewachter: "Wy ha hjir allerhande hôven mei fruchtbeammen, mar de lêste jierren sjogge wy noait mear in apel of par of prûm en de beijebeamkes drage ek net mear. Wolstû de frou fan 'e reus freegje, hwat wy dêr oan dwaen matte?"
"Dat komt klear," sei de soldaet, "op 'e weromreis fortel ik jo wol hwat de frou sein hat."
De soldaet bleau dy nachts yn 'e stêd en de oare deis gong it wer fierder oer bergen en troch dalen.
Nei forrin fan dagen kaem er wer by in stêd. Dêr woe de poartewachter him der ek net ynlitte.
De soldaet die wer syn forhael en fortelde it doel fan 'e reis.
"As jo nei de reus ta geane," sei de poartewachter, "wolle jo dan syn frou om rie freegje? Hwant wy ha hjir sa hwat aekliks yn 'e stêd. It wetter is hjir allegear fortroebele. Alle putten en pompen ha smoarch wetter en yn 'e sleatten en grêften is 't noch folle minder.
Wolstû har freegje, hwat wy dêr oan dwaen matte?"
"'t Komt yn oarder," sei de soldaet, "op 'e weromreis jow ik jo wol biskie." Doe brocht de soldaet dêr de nacht yn dy stêd troch.
De oare deis gong it wer fierder. Hy hie al hast de ein yn 'e bek. Op 't lêst seach er in hûs, dêr't er op tasette. Dêr stie in minske yn 'e doar.
Hy frege har of dêr de reus wenne. Dat wie sa. It minske ûntfong him freonlik. Hja joech him to iten en hy sei syn boadskip. Hy fortelde har alles. Fan de trije hierren, fan de oersetter fan de beide stêdden en fan 'e koaningsdochter.
Doe't er alles forteld hie, sei it minske: "Myn man is in minskefretter, as dy jo hjir treft, yt er jo fuort op. Mar ik sil der wol mei rêdde. Ik kin tsjoene.
Ik sil jo yn in spin foroarje. Dan krûpe jo mar yn in hoekje. Jo matte goed harkje hwat der allegearre sein wurdt aenst, as myn man wer thús is."
Even letter kaem de reus thús. "'t Rûkt hjir nei minskefleis", sei er.
"Dû bist mis," sei syn frou, "dû silst m_ wol rûke.
Mar ik haw in panfol fleis bret, dat kinst nou wol opite." Hja sette him it fleis foar en sette dêr in kanne mei wyn by.
Doe't de reus genôch iten hie, gong er lizzen, mei de holle by har yn 'e skoat.
It duorre net lang of hy foel yn 'e sliep en bigoun lûd to snoarkjen. Doe luts de frou him in gouden hier út 'e krún, hwant dêr wienen de hierren it dikst.
Dêr waerd de reus wekker fan. Hy sei: "Ik ha droomd. It wie in hiel nuvere droom. Ik droomde: Dêr wie in stêd, dêr wie alle wetter yn bidoarn: yn 'e putten en pompen en grêften en sleatten. En de minsken fan 'e stêd wisten net, hwat se dêr oan dwaen moesten."
Doe sei de frou: "Hwat wienen dat dan domme minsken. It is har eigen skuld. Hja matte de sleatten en de grêften mar goed útgrave krekt sa djip oant se oan it wite sân takomme, dan bigjinne de wellen wol wer to werken en dan komt der wer helder wetter út."
"Ja," sei de reus, "dat is de oplossing."
De frou joech him wer hwat to iten en to drinken, en it duorre net mâlle lang doe bigoun de reus wer to snoarkjen. Hy wie wer yn in djippe sliep fallen.
Doe luts de frou him wer in gouden hier ta de krún út.
Dêr waerd er wer wekker fan. Hy sei: Nou haw ik al wer droomd. Ik droomde, dat dêr wie in stêd, der joegen de beammen yn 'e hôven alhiel gjin fruchten mear en de minsken wisten net hwat dêr oan to dwaen wie."
"Och heden", sei 't minske, "as it oars net is. Dy minsken matte de fruchtbeammen goed opsnoeije en goaten om 'e stammen hinne grave en dêr goed hwat dong yn dwaen. Dan sûgje de woartels dat wol op en dan komme der wol wer fruchten oan 'e beammen."

Hy krige wer hwat to iten en to drinken en in skoftsje letter sliepte er al wer.
Doe luts de frou him de trêdde gouden hier ta de holle út.
De reus waerd wer wekker. Hy sei: "Nou ha 'k al wer droomd. Ik droomde oer in fearman. Dy wenne oan in brede rivier. Dêr kaem mar selden in minske. Dy oersetter wie dêr oansteld foar syn hiele leven, mar hy hie skjin syn nocht. Mar hy wist net hoe't hy forlost wurde koe, hwant dan moest der in oaren foar him yn it plak komme."
De frou sei: "Dat is samar oplost. De earste de bêste dy't by him komt om oerset to wurden, mat hy yn syn boatsje litte en dan mat hy der sels út gean en sizze: 'Nou binne jo tonei de oerheller en ik sjoch wol, dat ik in oar baentsje krij.' Dan mat dyselde foar altyd oersette."
"Krekt," sei de reus, "dat is de oplossing."
De reus wie nou wol útrêst en gong de bosk wer yn. Doe sei de frou tsjin 'e spin: "Kom dû nou mar wer del, dan meitsje ik wer in keardel fan dy."
Dat wie samar klear, en doe die se de trije gouden hierren yn in doaske en joech se him. "Nou kinstû mei de koaningsdochter trouwe", sei se. "Ik hoopje mar dat jimme lang en gelokkich libje sille." Hja joech him ek noch iten en drinken en wiisde him de wei dy't er gean moest, oars soed er miskien de reus tsjinkomme kinne en dan iet dy him op.
Hy bitanke har tige foar alles hwat se foar him dien hie en naem ôfskie.
It earst kaem er yn 'e stêd, dêr't it wetter bidoarn wie. Hy dielde de ried fan 'e frou mei. De minsken wienen sa bliid mei dy rie, dat se joegen him út tankberens in gouden hynderke.
Wer in skoft letter kaem er yn 'e twade stêd, dêr't gjin fruchten mear oan 'e beammen kamen.
Hy fortelde de minsken hwat se neffens de frou fan 'e reus dwaen moesten. Dy lju wienen al sa bliid mei dy rie, dat sy joegen him út tankberens ek in gouden hynder.
Doe gong de soldaet wer fierder. Op it lêst kaem er by de brede rivier, dêr't de fearman sa iensum wenne. De fearman frege him fuortdaliks: "Hwat hat de frou fan 'e reus sein?"
"Ik sil it jo aenst wol fortelle," sei de soldaet, "as jo my oerset ha."
Doe't er oan 'e oare kant stie, sei er tsjin him: "De earste de bêste dy't hjir komt om oerset to wurden, matte jo yn 't boatsje litte en dan matte jo der sels út stappe en sizze: 'Nou binne jo tonei de oerheller, en ik sjoch wol dat ik in oar baentsje krij.' Dan mat dyselde foar altyd oersette."
De fearman wie tige bliid mei dy rie. Hy sei: "Ik ha net in geskink foar jo, hwant ik bin mar in earm mantsje." Mar de soldaet sei: "Jo ha my wòl in geskink jown, mar dat witte jo noch net."
Op it lêst kaem de soldaet wer yn syn lân. Hy gong nei 't paleis ta mei syn trije gouden hierren en de twa gouden hynderkes.
De koaning seach earst bot op 'e noas, doe't de soldaet by him forskynde. Hwant hy hie der fêst op rekkene dat de reus him opfretten hie. Mar doe't er de gouden hynderkes seach, wie er fol biwondering. "Hwer hastû dy wei?" frege er.
"O," sei de soldaet, "dy rounen der sa mar om yn it lân oan 'e oare kant fan 'e rivier. Foar aerdichheit haw ik der twa fan meinaem, mar ik hie fansels wol folle mear meinimme kind."
Doe sei de koaning: "Dêr wol ik hinne." Hwant hy hie sin oan dy hynderkes.
De koaning liet der gjin gers oer groeije. Al gau forliet er it paleis om gouden hynderkes op to heljen.
De soldaet troude mei de koaning syn dochter. En hja libben lang en gelokkich.
Mar de koaning ha se noait wer sjoen.
Dy wie oersetter woarn.

Onderwerp
AT 0461 - Three Hairs from the Devil's Beard   
ATU 0461 - Three Hairs from the Devil’s Beard.   
Beschrijving
Een zoontje van een arme houthakker verbaast iedereen door direct te praten bij zijn geboorte: de baby beweert heel stellig later met de koningsdochter te zullen trouwen. De koning reageert vol ongeloof op de bewering en vergeet de woorden van de houthakkerszoon. Als de houthakkerszoon twintig jaar later als schildwacht bij de koning in dienst treedt, valt zijn oog al gauw op de koningsdochter. De schildwacht en de prinses kunnen het samen heel goed vinden en besluiten te trouwen. De koning - die niets voor de trouwplannen van zijn dochter voelt - ontbiedt de schildwacht onmiddellijk in zijn paleis. Als de schildwacht beweert dat hij bij zijn geboorte al wist dat hij de prinses zou huwen, biedt de koning hem een opdracht aan. Pas als de schildwacht de koning de drie gouden haren van een verschrikkelijke reus - een menseneter - gebracht zal hebben, zal de schildwacht toestemming krijgen voor het huwelijk. Het kost de schildwacht enorm veel moeite bij de reus te komen, omdat hij onderweg steeds opgehouden wordt door allerlei mensen die de schildwacht verzoeken de wijze echtgenote van de reus voor hen te raadplegen. Een veerman wil hem alleen over de rivier zetten als hij de vrouw van de reus wil vragen hoe hij van zijn baantje afkomen kan; een poortwachter wil hem alleen in de stad laten als hij haar vragen wil wat ze moeten doen om hun vruchtbomen weer vrucht te laten dragen; een tweede poortwachter vraagt of de echtgenote van de reus misschien weet wat je kan doen tegen bedorven water. Op de plaats van bestemming aangekomen verandert de wijze echtgenote de schildwacht uit veiligheidsoverwegingen in een spin en leidt zij de thuiskomende reus af als die mensenvlees ruikt. Als de reus slaapt trekt zijn vrouw hem de drie gouden haren één voor één uit. Iedere keer wordt de reus wakker en vertelt een droom waarvan de inhoud bestaat uit één van de vragen die de schildwacht onderweg gesteld waren. De vrouw geeft telkens de oplossingen: de waters moeten schoongemaakt en uitgediept; de bomen gesnoeid en bemest en de veerman moet zijn werk aan de eerste die hem vraagt overgezet te worden overgeven. De schildwacht ontvangt de drie haren en gaat met de oplossingen op de vragen in zijn achterhoofd weer onderweg naar de koning. Als de schildwacht de goede raad van de wijze echtgenote overbrengt, ontvangt hij in de twee steden een gouden paardje als beloning. Als de hebberige koning zich op weg begeeft om ook gouden paardjes op te halen, moet hij ook over het water heen. De veerman heeft net van de schildwacht gehoord dat de eerste die hem vraagt overgezet te worden zijn baan zal krijgen en hij maakt de koning tot zijn opvolger. De schildwacht trouwt met de prinses.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1161, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
3 oktober 1977
Three Hairs from the Devil's Beard
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21