Hoofdtekst
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen.
Heit fortelde ek oer minsken dy't mei de helm geboaren wienen. Dy moesten nachts út bêd wei om nei in lykstaesje to sjen. Dyselde dy't dan lyk wie, leefde op dat stuit noch. Sokken ha se wol yn Garyp hawn.
Wie der in houn dy't spûkgûlde, dan kaem der ek in sterfgefal. It wienen bipaelde hounen dy't dat dienen, net alle hounen.
Wienen der swarte roeken om 'e doar, dan bitsjutte dat ek in sterfgefal.
Froeger seagen se yn Garyp huplantearns. Dat wienen ljochtsjes dy't biweegden. Dat hie in bitsjutting, seinen se. Dêr kaem dan in nije wei. De ljochtsjes dat wienen de fytsen.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
TM 2901 - Helmdragers   
TM 4905 - Dwaallichten (stalkaarsen)   
Beschrijving
Als mensen timmergeluiden horen of vlammen zien, duidt dat op het respectievelijk bouwen en afbranden van huizen. Het zijn voortekens. Helmdragers moeten er 's nachts uit om sterfgevallen te voorzien in passerende lijkstoeten. Als er een hond spookhuilt of zwarte roeken aan de deur verschijnen, is er een sterfgeval op komst. Wilde lantaarnen zijn voorboden van de latere fietsverlichting.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1164, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
15 oktober 1977
Andere Todesvorzeichen & SINSAG 0487 Vorbedeutung anderer Ereignisse & SINSAG 0489 Das zweite Gesicht & SINSAG 0481 Leichenzug gesehen & SINSAG 0491 Vorzeichen eines Brandes & TM 2901: Helmdragers
Naam Locatie in Tekst
Garyp   