Hoofdtekst
It wie yn 'e oarloch, yn 'e bisettingstiid. Yn 'e dieretún sieten in kou, in ezel en in papagaei. Dy soenen alle trije, beurt om beurt mei fakânsje. Earst rekke de papagaei út 'e dieretún wei. Mar hy wie noch net in wike fuort west of hy kaem al werom.
Syn beide maten seinen: "Bistû nou al mei fakânsje west? Hat it dy net foldien soms?"
"Né," sei de paegaei, "it is optheden nergens better as thús. Hjir ha 'k frij praten, mar dêr mei 'k neat sizze. Dat sadwaende."
Doe gong de kou mei fakânsje. Dy wie mei in pear dagen al werom. Doe seinen de oaren: "Hwat ha wy nou?"
"Ik bin leaver yn 'e dieretún", sei de kou. "Se dogge dêr jinsen oars net as melke. Fretten krige ik net. Dat sadwaende."
Doe gong de ezel op stap. Mar dy bleau wei. It duorre wol 7 wiken ear't dy wer yn 'e dieretún forskynde.
De kou en de papagaei fregen him hoe't it foldien hie. "Tige bêst," sei de ezel, "ik gean aenst wer fuort. Ik wol net yn 'e dieretún bliuwe. Hwant," sei er, "se ha my burgemeester makke."

Beschrijving
In oorlogstijd zitten een koe, een papegaai en een ezel in de dierentuin. De drie dieren zullen om beurten op vakantie gaan. De papegaai en de koe zijn zo weer terug van vakantie, omdat ze het buiten de dierentuin niet naar hun zin hebben. De papegaai wordt steeds het zwijgen opgelegd; de koe wordt alleen maar gemolken. De ezel blijft wel zeven weken weg. Als de koe en de papegaai de ezel bij zijn terugkomst vragen waar hij al die tijd geweest is, zegt de ezel dat hij spoedig weer terug zal gaan omdat ze hem tot burgemeester gemaakt hebben.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1168, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
23 mei 1979
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21