Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117003

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in húshâlding mei in hiel soad bern. De frou krige it dêr to drok mei en woe gjin méár ha. Hja gong nei de dokter ta en frege him hwat se dêroan dwaen moest. Doe sei dokter: "Jo matte hinnegean en keapje in pear nije klompen en sa 't se binne, sa geane jo dêryn op bêd."
Dat die it minske en sa lei se nachts mei de klompen oan op bêd. Mar it joech net folle. In skoftsje letter wie 't wer sa fier.
Doe gong se wer nei de dokter ta. "Jou ried hat my neat jown," sei se, "hwant ik forwachtsje skielk al wer in lytsen."
"Ha jo dan wol dien hwat ik sei?" frege de dokter.
"Ja dokter," sei se, "ik ha de klompen nachts op bêd altyd oan."
"Mar ha jo se wol sa oan lyk as jo se kocht ha? Sitte se noch oan elkoar?"
"Né", sei se.
"Krekt," sei dokter, "jo hienen se net lossnije matten."


Beschrijving

Een vrouw die steeds zwanger raakt vraagt haar dokter hoe ze nieuwe zwangerschappen kan voorkomen. De dokter raadt haar aan een stel nieuwe klompen te kopen en die in bed te dragen. De vrouw volgt de raad van de dokter op maar is al gauw weer in verwachting. Als ze de dokter vraagt hoe dit kan, antwoordt de dokter dat ze de klompen aan elkaar vast had moeten laten zitten. (Het is dan immers onmogelijk de benen van elkaar te doen.)

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1170, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21