Hoofdtekst
Der wie in man, dy wie rooms. As de roomsen sûndigje dan kinne se dat mei jild wer goed krije. Sa wie der ek ien dus, dy hie in minske formoarde. Doe gong dy keardel nei de pastoar ta. Hy toande birou en woe syn sûnden graech ôfkeapje, sei er.
De pastoar sei: "Hwerom dieste it?"
Hy sei: "Ik mat soms samar ynienen bloed sjen. Dêr kin ik neat oan dwaen. As dat oer my komt, dan kin ik it net mear keare. Dan mat ik ien stekke."
Omt er it ôfbitelje woe, sei de pastoar: "Kom dan woansdy mar mei de sinten."
De woansdeis gyng dy keardel nei 't hûs fan 'e pastoar ta. Hy hie in sek op 'e rêch, mar dêr siet gjin jild yn, mar grintstiennen. Doe't er by de pastoar kaem, sei dy: "Kom mar mei yn tsjerke. Dêr is de skatkist, dêr dogge wy 't yn."
De skatkist stie flak by 't alter. De pastoar makke him iepen. Doe't de keardel al dat jild seach, luts er it mes en bigoun dêr wyld mei to swaeijen. En hy raesde: Ik mat bloed sjen! Ik mat bloed sjen!
De pastoar naeide hurd út.
Doe't er in skoft letter weromkaem wie de skatkist leech en yn in hoeke fan 'e tsjerke lei in hoop grint.

Beschrijving
Volgens de verteller kunnen roomsen hun zonden met geld afkopen. Een moordenaar die moordt omdat hij de drang heeft 'af en toe bloed te zien' spreekt met de pastoor af de woensdag daarop een fiks geldbedrag te komen brengen. Die woensdag brengt de moordenaar echter een zak grindsteentjes naar de pastoor. De pastoor troont hem mee naar de kerk om zijn zak in de schatkist te legen. Als de moordenaar al het geld in de kist ziet, begint hij wild met zijn mes te zwaaien, roepend 'Ik moet bloed zien! Ik moet bloed zien!'. Als de pastoor hierop hard wegrent, haalt de moordenaar snel de kist leeg. Het grind laat hij in de kerk achter.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1173, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
12 juni 1978
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21