Hoofdtekst
Der wie in keapman dy kaem op in jountiid by in herberch. Hy wie dêr op 't hynder kaem. 't Wie kâld, ûnlijich waer. De keapman wie huverich.
As er yn 'e jachtweide komt, sitte se dêr allegear om 'e klompkachel hinne. Der is gjin plak mear foar him. Alle stuollen binne biset en de jachtweide is fol.
De keapman freget de kastlein of er dêr de nachts ek sliepe kin en as der ek in plak is foar it hynder.
Dat komt klear, sei de kastlein.
De keapman wol graech hwat bykomme by de kachel, mar hy kriget gjin kans. Dan seit er tsjin 'e kastlein: "Jow my in buorrel en jow myn hynder in sâlte hearring."
"In sâlte hearring?" freget de kastlein.
"Ja," seit de keapman, "myn hynder yt alle jounen in sâlte hearring op."
De kastlein giet mei in hearring nei achteren ta en forskeidene lju út 'e jachtweide folgje him. Dy wolle graech sjen hoe't in hynder in sâlte hearring opyt.
Wylst siket de keapman gau in waerm plakje by de kachel út.
Even letter komme se werom. Ien seit: "Jo ha ús to fiter hawn. Jou hynder mei gjin sâlte hearring."
De keapman sei: "Soa net? Nou, ik sit dêr't ik sit. Ik tocht: - Opgestaan, plaats vergaan."
En hy bleau noflik by de kachel sitten.

Beschrijving
Een koopman te paard wil op een koude avond in een herberg bij de kachel zitten, maar ziet dat alle plaatsen bij de kachel al bezet zijn. De koopman bestelt hierop een borrel en een zoute haring voor zijn paard. Omdat de herberggasten niet willen geloven dat een paard haring lust, volgen ze de koopman naar zijn paard. Terwijl de mannen zich bij het paard ophouden, nestelt de koopman zich snel bij de warme kachel. Als de mannen in de gaten krijgen dat ze bedrogen zijn, zegt de koopman 'Opgestaan, plaatsje vergaan'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1178, verhaal 32 (archief MI)
Commentaar
14 en 21 april 1978
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21