Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117847

Een mop (mondeling), vrijdag 14 april 1978

Hoofdtekst

Yn Earnewâld stie in buorkerijke, dat wie leech.
't Wie eins in soad arbeiderswente, it eigendom fan in boer. Dêr woe net ien yn wenje, hwant it spûke dêr. Dêrtroch stie it ek leech.
't Wie yn 'e oarloch. En de boer, dy syn spultsje it wie, dy moest in arbeider ha.
Der kaem in arbeider delsetten. Hy gong earst nei de herberch ta om hwat oer de boer gewaer to wurden.
Doe seinen se dêr yn 'e herberch tsjin him: "Dêr mastû net hinne, jonge, de boer dy is wol goed, mar it húske dêrstû yn wenje maste, dêr is 't net plús yn. Dêr spûket it altyd."
De arbeider sei: "Dat kin my neat skele. Ik bin foar gjin duvel bang. Ik wol dêr wol wenje."
Dat hy rekke dêrhinne mei 't wyfke.
De nachts om 12 ûre wurdt syn wiif kjel wekker. Hja heart in aeklik lûd yn 'e hûs. Hja makket de arbeider wekker en dan komt dy oerein.
Der stiet in wite gedaente oer de flier. Dy ropt mei hiele lange úthalen: "Komm - Ko...omm!"
De arbeider hat in great skerp breames njonken syn bêd lizzen. Dat smyt er nei de wite gedaente ta. Mar 't joech neat, 't gyng der dwars trochhinne. Der siet gjin hâldfêst oan 'e sinjeur.
't Wie roettsjuster. It spoek âlle wer mei hiel lange úthalen: "Kom - komm - ko-...omm!"
De arbeider tocht: ik mat mar achter him oan.
It spûk giet bûten, by 't bjinstap stean. Doe sei it: "Hjir leit in skat bigroeven. Hjir leit in skat bigroeven."
De arbeider stiet der nei to sjen, mar hy sjocht neat, hwant it is roettsjuster. Hy tinkt: Hoe mat ik dat plak nou merke. Hwant ik mat it moarn by deiljocht al wer fine kinne. As ik der delpisje, dat jowt neat, hwant dat is moarn fuort.
Né, tinkt er, der mat hwat oars gebeure.
En dan giet er sitten yn 'e hurken en makket de ûnderbroek los.
Mar wylst er dêr sa sit, komt syn frou der oan. Hja slacht him tsjin 'e kop oan en seit: "Skammest dy net? Kinstû dyn bihoeften net op 't húske dwaen?"

Beschrijving

Een boer zoekt een arbeider, maar hij kan er geen vinden omdat het in de arbeiderswoning van de boer spookt. Een dappere man pocht nergens bang voor te zijn en betrekt als nieuwe arbeider van de boer het spookhuisje. 's Nachts worden de arbeider en zijn vrouw al gewekt door een spook dat hen met lange uithalen gebiedt te komen. De arbeider gaat na enig aarzelen achter het spook aan. Het spook wijst hem buiten een plaats aan waar een schat te vinden is. Omdat het heel erg donker is, besluit de arbeider de plaats waar de schat ligt te markeren met zijn eigen poep. Als hij al gehurkt boven de schat zit, komt zijn vrouw aanrennen. Ze slaat hem op zijn hoofd, roepend 'Kan je je behoefte niet in huis doen?'.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1178, verhaal 47 (archief MI)

Commentaar

14 en 21 april 1978

Naam Locatie in Tekst

Earnewâld    Earnewâld   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21