Hoofdtekst
Yn Beetstersweach wennen twa advokaten. Dy wienen fan 'e duvel biseten en dienen folle kwea. Der wie in duvelbander - guon biweare dat it Piter Poes fan de Sumarreheide wie - dy gong mei de boerewein nei de Sweach ta en krige dy beide mannen by him op 'e wein. Twa grouwe gudzen roannen der foar.
Dy twa hynders switten ôfgryslik doe't dy beide advokaten op 'e wein wienen. Hja woenen der graech ôf, en dat prebearren se ek hyltyd, mar dat slagge net, hwant de duvelbanner hie har yn 'e macht.
Doe rieden se hiel fier fuort, nei in stik lân achter yn 'e Earnewarren, tsjin 't Krúswetter oan. Dêr hat dy duvelbander in sirkel makke, dêr moesten se binnen bliuwe. Hja koenen dêr noait wer weikomme en spûkje dêr sûnt dy tiid altyd om.
It stik lân krige de namme Advokate-lân, en sa hyt it hjoed-de-dei nòch.

Onderwerp
SINSAG 0410 - Der gebannte Geist.
  
Beschrijving
Twee advocaten zijn van de duivel bezeten en worden door de duivelbanner vastgezet in een cirkel op de grond. De twee advocaten kunnen nooit uit de cirkel komen en blijven op die plaats rondspoken. Het stuk land heet sindsdien 'Advocatenland'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1180, verhaal 5 (archief MI)
Commentaar
22 juli 1979
Der gebannte Geist. & TM 2601 Hoe het dorp (de stad, heuvel, het stuk land) aan z'n naam is gekomen
Naam Overig in Tekst
Piter Poes   
Sweach   
Earnewarren   
Krúswetter   
Advocatelân   
Advocatenland   
Naam Locatie in Tekst
Beetstersweach   
Sumarreheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21