Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ118613

Een sage (mondeling), vrijdag 27 juli 1979

Hoofdtekst

Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en joech Oege twa dranken mei yn fleskes en in pûdtsje mei hwat der yn. (Dêr bliek hjouwer yn to sitten, dat wie foar 't soune hynder. Se forrifelen Wopke net gau).
"Tink der om," sei Wopke, "en gean net wer op redens werom, hwant astû komst to fallen, kinne de flessen wolris stikken wêze."
Oege roun earst in ein, mar doe tocht er: Hwat birin ik eins? Ik ha redens by my. Dy byn ik ûnder. It gong in hiel set goed. Mar doe't er yn Nyegea wie kaem er to fallen. De drankflessen stikken en alle drank fuort.
Oege werom nei Kûkherne.
"Soa," sei Wopke, "wiest dêr al wer? Ik hie dy warskôge."
Hy krige twa nije drankjes mei en roun doe it hiele ein.
"Dy duvelse keardel hat my dêr falle litten", sei er tsjin 'e boer. Hwant hy wist wol dat Wopke ek in duvelbanner wie.
Oege Pebesma wie dy arbeider. Hy wie fan Sumar ôfkomstich.


Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

Omdat een boer twee zieke paarden heeft, stuurt hij zijn arbeider naar Wopke de duivelbanner. De boer geeft zijn knecht hooi mee van de twee zieke paarden, maar ook wat hooi van een gezond paard. Wopke laat zich niet voor de gek houden en ziet al gauw dat een van de paarden kerngezond is. Hij geeft de knecht daarom twee flesjes met medicijnen mee en een potje met hooi. Wopke waarschuwt de knecht – die schaatsend gekomen is – niet over het ijs terug te gaan omdat hij wel eens zou kunnen vallen. De knecht gehoorzaamt en begint lopend aan zijn weg naar huis. Als het lopen de knecht verveelt, slaat hij Wopkes waarschuwingen in de wind en bindt hij zijn schaatsen onder. Als hij een poosje geschaatst heeft, valt hij en breken de flesjes – precies zoals Wopke het voorspeld heeft. De knecht keert terug naar Wopke om nieuwe drankjes te halen. De arbeider zegt tegen de boer dat 'die duivelse kerel van een duivelbanner' hem heeft laten vallen.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1186, verhaal 13 (archief MI)

Commentaar

27 juli 1979
Het drankje van de duivelbanner

Naam Overig in Tekst

Oege    Oege   

Wopke    Wopke   

Oege Pebesma    Oege Pebesma   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Nyegea    Nyegea   

Sumar    Sumar   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21