Hoofdtekst
Op 'e Sumarreheide achter Piter Mudstra wenne âlde Hylke Slotegraaf. Dy fortelde:
"Wy kamen op in kear by him to skearen. 't Wie yn 'e winter en 't frear dat it ongele. Dy Biesterfeld wie in wreed man. Hy hie de kachel gloeijend read stean. Dêr wie in kat, dy stapte him hwat om 'e fuotten hinne. Biesterfeld krige him by de sturt beet en treau it bist yn 'e kachel."
Op in kear kaem Biesterfeld thús, doe hie er it bloed op 'e klompen sitten. Doe hie er in keardel deamakke en ûnder it iis treaun.
Op in kear moest er foar 't rjocht komme. Doe frege de rjochter him: "Ha jo altyd itselde pakje oan as jo sa op roof en moard útgeane?"
Doe sei Biesterfeld: "Hat mynhear altyd deselde mûtse op as mynhear sokke strikfragen docht?"
Biesterfeld kaem út Hongerije. Dêr hie er eigner west fan twa paardestaken (stikken lân).
Jelmer Slotegraaf (in broer fan Hylke) kaem by in dochter fan Biesterfeld. Jelmer hie ramplesant west ûnder tsjinst en krekt de sinten dêrfan bard. Dat remplesantejild hie er by him doe't er nei de faem ta rekke. En dat hie er yn syn dommens forteld oan Biesterfeld.
Doe stie Biesterfeld him nei 't leven. Jelmer is doe oer hekken en troch sleatten op 'e flecht gong, hwant oars hie Biesterfeld him deamakke, hwant hy woe de sinten ha.
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Hongaar   
Jelmer   
Jelmer Slotegraaf   
Hylke   
Hongerije   
Hongaer   
Sweach   
Piter Mudstra   
Hylke Slotegraaf   
Naam Locatie in Tekst
Biesterveld   
Biesterfeld   
Drachten   
Beetstersweach   
Sumarreheide