Hoofdtekst
Folkert Paulusma wie yn 'e mobilisaesje fan 1914-1918 ûnder tsjinst yn Brabân. Op in joun siet er mei oare soldaten, sa fortelde er yn 'e herberch. De kastlein wie der ek by.
Doe sei de kastlein: "Sil ik ris in kompie soldaten opkomme litte?"
"Ja", seinen se, dat woenen se wol ris sjen.
Folkert sei: "Wy sieten mei elkoar by de tafel. Doe kaem de iene soldaet nei de oare út 'e hurddobbe weisetten. Se setten de knibbel op 'e kant fan 'e hurddobbe en doe't se der út wienen bigounen se allegear to marsjearen, de hiele keamer roun."
Folkert sei: "Ik doarst op 't lêst myn bier hast net mear opdrinke, sa binaud waerd ik. Doe liet dy kastlein se wer ien foar ien moai yn 'e hurddobbe dûke.
Doe wie dat gebeurd, doe sei dy kastlein tsjin ien fan 'e soldaten dy't by ús siet: 'Stap even nei de doar, dan krijst in flesfol drank.' Hy stapte nei de doar ta, die de doar iepen, en sûnder dat er in minske seach, hie er ynienen in flesfol drank yn 'e hân."

Onderwerp
SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.   
Beschrijving
Een kastelein tovert soldaatjes uit de haardkuil tevoorschijn en laat die op de tafel marcheren. Als de kroeggangers – ook soldaten - erg bang worden, stuurt de kastelein de soldaatjes één voor één weer terug de haard in. De kastelein zegt daarop tegen een van zijn gasten dat hij bij de deur een fles drank kan aanpakken. De soldaat komt inderdaad met een fles alcohol in de hand terug.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1189, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
31 juli 1979
Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen en SINSAG 0685 Pikbube als Helfer.
Naam Overig in Tekst
Folkert Paulusma   
Folkert   
Brabân   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21