Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ119206

Een mop (mondeling), zondag 08 juli 1979

Hoofdtekst

Luije Peter wie in swalker. Hy wie sa great as in reus, mar werke die er net. Op in kear hied er yn Harns in skinke út 'e skoarstien stellen by fremde minsken. Dat koe er maklik dwaen, trochdat er sa great wie.
Mei dy skinke wie er nei de toer ta gong en dêr gong er yn stean en kôge op 'e skinke om. Hy hie syn holle foar de galmgatten en dat kôgjen fan him, dat klonk de hiele stêd Harns oer. De koster fornaem it it earst. Mar hoe moesten se him pakke. Dêr stuts luije Peter syn kop troch 't rút. Doe smieten se him gau in tou om 'e nekke en sa krigen se him topakken.
Se hienen in hiel great fet en dêr dienen se him yn. En doe rollen se dat fet yn 'e sé. Dat fet dreau fierder en fierder de sé yn en doe kaem dêr in boat oanfarren.
De lju op dy boat seagen dat fet dêr driuwen. Hja takelen it fet oan boat en makken it iepen. Doe kaem luije Peter dêr út.
"Se wolle my koaning meitsje," rôp er, "en dat wol ik net!"
Dat hearde in matroas dy't dêr oan board wie. Dy woe wòl koaning wurde. Dat doe kaem dy matroas yn 't fet en dat smieten se wer yn sé.
It fet dreau nei Harns ta. Doe't de minsken fan Harns dat fet seagen, seinen se: "Dêr is luije Peter wer. Nou mat er dea!" En sy dounsen allegearre om 'e tonne hinne. Hja makken it fet iepen, mar dêr kaem gjin luije Peter út, mar in matroas. Dy sei: "Ik wol wol koaning wurde."
Of er it woarn is fortelt it forhael net, mar sûnt neamt men de Harnzers tobbedounsers.


Beschrijving

Een grote, luie dief - 'Luie Peter' geheten - wordt te pakken genomen en met een touw om de nek gebonden in een vat gestopt. Het vat met de dief erin wordt vervolgens in zee geworpen. Als een schipper het vat ziet, haalt hij het aan boord. Als Luie Peter eruit kruipt, zegt die klaaglijk 'Ze willen me tot koning maken en dat wil ik niet!'. Een matroos voelt er wel wat voor koning te worden en kruipt in het vat. Het vat wordt hierop weer in zee geworpen. Als het vat bij een bepaalde plaats - Harns - aanspoelt, vermoeden de stedelingen dat Luie Peter weer aangespoeld is en ze besluiten de luie dief nu echt te doden. Als de stedelingen om het vat beginnen te dansen, komt plotseling de matroos tevoorschijn. De inwoners van Harns heten sindsdien 'Tobbedansers'.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1192, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

8 juli 1979
zie voor een geheel andere verklaring van 'Tobbedanser' te Harlingen, id.nr: RKOMAFRIES0027.

Naam Overig in Tekst

Luije Peter    Luije Peter   

Peter    Peter   

Harnzers    Harnzers   

'Tobbedansers'    'Tobbedansers'   

Naam Locatie in Tekst

Harns    Harns   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21