Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA41 - Ukje

Een sprookje (mondeling), dinsdag 28 september 1971

Hoofdtekst

Ukje
Der wiene in heit en in mem dy krigen gjin bern. En dêr woene se graech in bern ha en dêr hiene se in greate koal út 'e tún en de mem snijt de koal út 'e tún wei. Ja, dêr komt in lyts berntsje út en dy neamden se Ukje. Mar dy koe yn in lusifersdoaske sliepe. En dan kaem it (er) op 'e skoarstienmantel yn in doaske. Dat wie syn bedtsje. Mar dêr op in sekere joun, dêr krije se rovers. De rovers dy bistielen har en Ukje hie alles sjoen en hy koe se ek en hy wiste hwer't se wennen en doe sei Ukje: Ik wyt hwer't se wenje. En sy hinne, mei de plysje der by en dan hiene se Ukje op 'e hân en dan wiisde Ukje har it plak en dan kamen se op it lêst by de rovers en dêr waerden de rovers ynrekkene en sy krigen har spul wer. Dat kaem troch Ukje.
Dat sil myn âlde pake my wol forteld ha.

Onderwerp

ATU 0700 - Thumbling    ATU 0700 - Thumbling   

Beschrijving

Ouders snijden een kool open en vinden een klein kind dat ze Ukje noemen. Hij slaapt in een lucifersdoosje op de schoorsteenmantel. Als rovers in huis komen stelen, kan Ukje de politie bij de daders brengen, die vervolgens worden gearresteerd.

Bron

Transcriptie Y. Poortinga, sept 1971; hs. Poortinga, archief Fryske Akademy, in bruikleen bij Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum, Ljouwert

Commentaar

28 september 1971
Tom Thumb

Naam Overig in Tekst

Ukje [Klein Duimpje]    Ukje [Klein Duimpje]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21