Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ119717

Een sage (mondeling), donderdag 05 juli 1979

Hoofdtekst

Wy ha hjir op 'e heide in houn hawn dy't spûkgûlde. Hy die it allinne as der in sterfgefal tichteby op komst wie, oars hearde men him net. Mar sokke tiden wie er net to hâlden, dan moest er nei bûten ta.
Mem prebearre him dan wol yn 'e hûs to hâlden, mar dat koe se eins noait rêdde. Hy gong dan bûten sitten mei de kop achteroer en dan mei de eagen rjochte op it hûs dêr't in deaden komme soe.
De buorlju hienen in jonkje, dat wie siik, mar it waerd aerdich better. Syn mem sei: "Hy rêdt it op."
Mar mem seach wol oan 'e houn dat er 't nèt oprêdde. Hy siet mar achter de hutte to spûkgûlen mei de kop achteroer en draeide de kop nei de reed ta dêr't it lyk lâns moest. Fuort dêrnei, de oare deis al, is it bern stoarn.

Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Als een hond spookhuilt, is er een sterfgeval op komst.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1197, verhaal 17 (archief MI)

Commentaar

5 juli 1979
Andere Todesvorzeichen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21