Hoofdtekst
Der wie in âld frijgesel, dy syn mem wie siik. De dokter waerd der byhelle. Dy sei tsjin 'e frijgesel: "Dû mast fan 'e middei mar even it wetter fan jimme mem bringe. Dan sil ik dat ûndersykje, hwant hja kin it wolris oan 'e nieren ha."
De frijgesel giet de middeis mei in mingels flesse fol wetter fan syn mem op stap. Mar 't wie striemin waer, dat hy tinkt: "ik mat mar even oanstekke ûnderweis."
Hy it café yn om in slokje.
Hy dronk it glês leech en sei tsjin 'e kastlein: "Dat is lekker, dat is guon fan Bokma."
De kastlein sei: "Kinstû dat dan samar priuwe?"
"Ja, ik priuw it fan alle dranken", sei er.
De kastlein sei: "Dan sil ik dy nochris ien ynjitte út in oare flesse. Kinst sizze hwat dit is?"
De frijgesel sei: "Dat is guon fan Meekma."
"Forrek," tocht de kastlein, "hy priuwt it fuort."
"Datstû alles samar priuwe kinst", sei er.
Doe sei de feint: "Jo kinne 't èk wol. Jow my ris in romer, dan sil ik jo ek ris ien ynjitte."
Doe dronk de kastlein de buorrel leech. Doe sei er: "Forrek, dat koe wol mige wêze."
"Nou," sei de frijgesel, "sjogge jo wol? Jo kinne it èk. It ìs mige."

Beschrijving
Een vrijgezelle jongen wordt uitgestuurd om urine van zijn zieke moeder naar de dokter te brengen. Onderweg houdt hij stil bij een herberg en maakt hij grote indruk op de kastelein door allerlei jeneversoorten feilloos te herkennen. De jongen schenkt de kastelein hierop een 'borrel' uit zijn – met urine gevulde – fles in en vraagt de kastelein naar de soort. Als de kastelein roept dat dit wel eens urine zou kunnen zijn, zegt de jongeman dat de kastelein net zo'n goede kenner is als hij omdat het in dit geval inderdaad urine betreft.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1199, verhaal 23 (archief MI)
Commentaar
?
Naam Overig in Tekst
Meekma   
Bokma   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21