Hoofdtekst
Der wie in jonge pastoar, dy kaem yn Drachten to wenjen. Jouns kaem er wolris by de minsken op hûsbisyk. It meast gong er jouns nei in boer ta, dy't in kreaze dochter hie. En elke kear as er dan wer fuort gong frege er of sij him even oan 'e hurde wei ta bringe woe yn 't tsjuster.
De boer tocht op 't lêst: "Hwat is dat eigenaerdich dat dat fanke altyd mei him de reed út mat."
Op in kear giet er har stiltsjes nei yn 't tsjuster om gewaer to wurden hwat se by de ein ha.
Doe seach er dat de pastoar it fanke bifielde en hy hearde dat er tsjin har sei: "Hwat dingen binne dat?"
Doe sei se: "Dat binne myn appeltsjes."
Doe rôp de boer tsjin 'e pastoar: "Nou wol ik jo hjir jouns net wer ha, hwant," seit er, "dy't ta de apels giet, giet ek ta de prûmen."

Beschrijving
Een boer vermoedt dat een jonge pastoor iets uitspookt met zijn onnozele dochter. Als de boer het stel eens volgt, ziet hij al gauw dat de pastoor de borsten van het meisje betast en vraagt wat dat zijn. Als het meisje antwoordt 'Dat zijn mijn appeltjes', roept de boer tegen de pastoor 'Nou moet het maar eens afgelopen zijn, want wie naar de appels gaat, gaat ook de naar de pruimen'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1200, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
?
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21