Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120013

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy wie op in kear yn 't bûtenlân en dêr biseach er de dieretún. Doe wie dêr in zebra, dêr hie dy boer gâns aerdichheit oan, en doe kocht er dy zebra. Hy naem it dier mei nei de pleats en brocht him by de kij yn 't lân.
Doe frege dy zebra oan 'e kij: "Hwerfoar binne jimme hjir eins?"
"Wy jowe molke foar de boer", seinen de kij.
De zebra tocht: dat wol ik net, en doe bruts er út it lân.
Doe kaem er op it hiem en dêr rounen hinnen. Hy frege dy hinnen: "Hwerfoar binne jim hjir?"
"Wy jowe aeijen foar de boer", seinen de hinnen.
De zebra tocht: dat doch ik net. Hy gong fan it hiem ôf en kaem yn in hok, dêr't in grouwe bolle stie.
Hy frege de bolle: "Hwerfoar bistû hjir?"
Dat sil ik dy wol gau wiismeitsje," sei de bolle, "lûk dyn pyamajaske mar ris út."

Beschrijving

Een boer koopt in een buitenlandse dierentuin een zebra en zet het dier na zijn thuiskomst bij de koeien in het land. Als de zebra hoort dat de koeien de boer tot nut zijn om hun melk, vlucht de zebra snel omdat hij geen melk wil geven. Als de zebra de kippen vraagt waarom ze bij de boer zijn, antwoorden de dieren dat ze de boer eieren geven. Ook eieren geven lijkt de zebra niks en hij loopt snel door naar de stier. De stier wil pas vertellen waarom hij bij de boer is als de zebra zijn pyjamajasje uittrekt.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1200, verhaal 13 (archief MI)

Commentaar

?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21