Hoofdtekst
Der wie in jongkeardel, dy wenne by syn mem yn. Hy wie al tiden sûnder wurk. Wit hoe faek hied er om wurk socht, mar it wie him noait slagge. Dat, doe't er is op in kear wer thús kaem sûnder dat er in baentsje foun hie, sei er tsjin syn mem: "Ik wol hjir wei, ik gean fuort. Hjir is doch gjin wurk to finen."
"Hwat wolst dan?" frege syn mem.
Hy sei: "Ik kin better allinne forhongerje as wy togearre. Mem hat noch in lyts bytsje sinten, dy wol ik net meì opite."
Hy forlit it hûs en it doarp dêr't er wennet en reizget de hiele lange dei.
It wurdt joun en hy moat sjen dat er in ûnderdak fynt foar de nacht.
Dan komt er by in plantsoen. Hy sjocht dêr hwat om him hinne en dan heart er hwat flústerjen. It binne in pear minsken dy't dat dogge. Hy giet der stiltsjes hinne om to sjen. It is in jong pearke.
Hy harket it gesprek ôf. Hy heart dat de jonge tsjin 't fanke seit: "Ik wol sa graech ris in kear by dy sliepe."
Dan seit it fanke: "Dat is goed en wol, mar dû wiste, myn âlden wolle it net lije. Dan soe 't stikem gebeure moatte. Mar hoe moat ik dy stikem op myn keamer krije?"
De oare seit: "Dêr wyt ik wol ried op. Ik haw in roltsje byntjern yn 'e bûse. Dat bynstû oan 'e knop fan 'e doar en ek om dyn hân en dan giest dêr mei nei dyn keammerke ta. Dû dochst dat as alles feilich is.
As ik nou kom en ik sjoch de doar op in kier stean, dan pak ik it lyntsje fêst en dan gean ik by 't lyntsje lâns nei boppe ta. Ik kom joun."
De jongkeardel hearde dat allegear en tochte: "Ik sil dy fóár wêze, baes. Dan haw ik tominsten ûnderdak."
En sa gebeurde 't ek.
Hy gong nei 't hûs fan dat fanke ta krekt efkes earder as se ôfpraet hie mei har feint en hy foun it lyntsje. Hy by 't lyntsje lâns dat er yn 'e hân hâldde en sa gong it nei boppe ta en nei har keammerke. De doar hied er achter him ticht dien. 't Wie alhiel tsjuster woarn.
Doe't er troch de doar kaem, sei se: "Bist dêr al?"
Hy mompele sa'n bytsje fan "ja, dêr wie 'k al", hwant hja moest fansels net fornimme dat hy in fremden-ien wie.
Dêr kaem gjin ljocht op, hwant dat wie net fortroud.
Doe gongen se togearre op bêd lizzen.
De âlde minsken wienen wend dat de dochter moarns it earst oer de flier kaem, mar de oare moarns forskynde se net. Hja forsliepte har, hwat noch noait earder gebeurd wie.
De heit gong der ôf. Hy tocht: "Ik moat mar ris sjen hwat der is."
Dêr trof er it spantsje op bêd, noch yn 'e sliep. Dêr lei in suterige jonge njonken syn moaije dochter.
Hy makke se wekker en doe sei er tsjin 'e jonge: "Hoe komstû hjir?"
"Lâns 't lyntsje, mynhear", sei de jonge.
Doe wist dy heit noch neat fansels.
Doe frege er it fanke. Mar dy hie in dikke, reade holle, sa skamme se har en sy sei èk neat.
Doe moest der rie skaft wurde, hwant de jonge hie by har slept.
De heit frege 't fanke of se fan dizze jonge hâldde.
Doe sei se: "Né."
Mar hy woe wite hoe't it dan siet dat dy jonge by har sliepte.
Doe moest it hege wurd der út, dat it in oaren wie mei hwa't se in ôfspraek makke hie.
Doe't de âld man alles heard hie, sei er: "Ik sil wol útmeitsje hokker fan de beiden as by dy heart. Fannacht sille se beide by dy sliepe, dû tusken de beiden yn. En nei hwa stû de oare moarn dyn gesicht hinne keard haste, dyselde sil dyn man wurde. Dan wyt ik it wol."
De jonge tinkt: "dit moat ik winne ast in bytsje kin. Ik moat ris goed neitinke."
Doe sei er tsjin 'e heit fan it fanke: "Dit wurdt sa'n heuchlike gebeurtenis, my tinkt, dêr moatte wy op drinke. Nou woe ik graech traktearje, mar ik bin platsak. Soe ik hwat sinten fan jo ha meije?"
Dat foun mynhear goed en doe gong de jonge hinne en kocht hwat lekker drankspul. Mar hy gong ek nei de drogist en der kocht er hwat dat tige laxearjend wie. En foar himsels naem er ek noch in kladtsje mei lekker rûkende suertsjes mei.
De jouns let soenen se mei har trijen sliepe, de jonge en de frijer en de dochter fan de mynhear.
Mar earst hie de jonge dy frijer rejael traktearre op drank en dêr hie er hiel tomûk net to min laxearend guod yn dien.
De jonge fan 'e widdou en de frijer fan 'e faem wienen al yn 'e sliepkeamer. Doe sei de jonge: "Ik moat sa noadich nei 't húske. Wistû hwer't dat is?" Dat sei er tsjin dy frijer.
"Né," sei dy, "mar ik moat àl sa noadich. Ik doch it hast yn 'e broek."
"Nou," sei de jonge, "wist hwat? Ik doch it hjir yn 'e hoeke, se sjogge my doch net wer."
Hy gong dêr sitten, mar ynpleats fan dat er dêr delskiet, lei er de suertsjes dêr del.
Doe't er klear wie, sei de oare: "Nou moat ik ek mar. Ik doch it yn 'e oare hoeke." Mar dy liet dêr in dikke drol achter.
Sjisa, dat wie gebeurd. Mar hoe moest it nou?
De jonge fan 'e widdou sei: "It kin my neat skele, ik fret it op. Dan is 't fuort."
It mynhearke seach al hwat nuver doe't dy jonge dat sei. Hy seach der bot tsjin oan om dat protsje op to iten dat er dêr sa krekt achterlitten hie. Mar hy woe ek in goeije beurt meitsje, dat hy iet it ek op. De jonge hie de suertsjes opiten.
Doe mar op bêd. 't Fanke yn 'e midden mei oan elke kant in manspersoan.
De oare moarns komt har heit nei boppen om to sjen hoe't it like. Hy woe witte nei hwa 't hja it gesicht keard hie.
Dat wie nochal logysk fansels. Dy frijer fan har rûkte sa raer út 'e hals dat it in griis wie. Mar de jonge fan 'e widdou rûkte lekker nei suertsjes. Dat hja hie har yn 'e nacht omdraeid.
Mynhear sei: "Ofpraet is ôfpraet. Ik ha 't nou sels sjoen."
En de earme jonge fan 'e widdou troude mei 't moaije rike fanke en hja leefden lang en gelokkich.
(Myn omke Anne Veenstra fan Twizelerheide hat my dit forhael forteld, lyk as de measte oare forhalen - heit fortelde ek guon - Hy wie skjirresliper en op ien nei de jongste broer fan heit. Hy fortelde en spile op 'e harmoanika. Hy wie frijgesel en stoar yn 1917.)

Onderwerp
AT 0850 - The Birthmarks of the Princess   
ATU 0850 - The Birthmarks of the Princess.   
Beschrijving
Een arme jongen, zoon van een weduwe, op zoek naar werk hoort een andere jongen een afspraak met een meisje maken. Zij zal hem die nacht met behulp van een draad de weg naar haar kamer wijzen. De arme jongen neemt de plaats van de vrijer in en slaapt bij het meisje. De volgende ochtend vindt haar vader hen. Hij beslist dat de jongen en de vrijer aan weerskanten van het meisje zullen moeten slapen. Wie ze het gezicht toegewend heeft bij het ontwaken zal haar krijgen. De jongen geeft de vrijer een laxeermiddel. Hij wendt voor dat hij zijn behoeften in de hoek van de kamer doet en ze om ontdekking te voorkomen opeet. Hij neemt echter zuurtjes, maar brengt hierdoor de vrijer ertoe zijn ontlasting op te eten en het meisje om zich naar hem toe te keren. De arme jongen trouwt uiteindelijk met haar omdat het meisje met haar gezicht naar hem toegekeerd wakker wordt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1206, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
16 juli 1979
The Birthmarks of the Princess
Naam Overig in Tekst
Anne Veenstra   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21