Hoofdtekst
De kâlde winter.
Der wie in pastoar, dy hie in húshâldster, dêr siet net folle by. As se togearre praetten en hja die wer in domme slach, dan sei er: "Hâld dy mar stil, dû hast dyn forstân net."
't Gebeurde faek dat er dat tsjin har sei, dat op 't lêst miende hja sels ek dat se gjin forstân hie.
Op in kear kaem de pastoar thús, doe hied er by de boeren lâns west op bisite. 't Wie krekt yn 'e slachttiid. Hy hie trije hiele greate skinken krigen.
"Helje de trap even," sei er tsjin 'e húshâldster, "dan sille wy dy skinken yn 'e skoarstien hingje. Dy binne goed foar de kâlde winter."
Der forrounen in dei of hwat, doe kaem dêr in man by de doar, dy frege of de pastoar ek thús wie. Hy seach der skurf út, hy wie rûch yn 't burd en syn klean wienen stikken en hy rydboske fan 'e kjeld.
"Né, dy is net thús," sei de húshâldster, "of binne jo miskien de kâlde winter?"
"Ja," sei er, "ik bin de kâlde winter."
Doe sei de húshâldster: "Kom der dan mar yn. Dan rêd ik der wol mei, dêr hoeft de pastoar net by."
Hja helle de trap op en soe de skinken krije, hwant dy wienen foar de kâlde winter, hie de pastoar sein, mar sy koe der net by komme. Hja wie to lyts fan postuer.
Doe sei se tsjin 'e man: "Wolle jo se even pakke? Ik kin der net by."
Doe de man de trap op. Wylst er dêr stie to rikken en de skinken dêr wei naem, seach se, dat er 't hiele krús ta de broek út hie en doe seach se dêr syn spultsje hingjen.
"Hwat sit dêr?" frege se wylst se der nei wiisde.
"In sekfol forstan", sei er.
Doe sei se: "Kin ik dêr net in bytsje fan keapje? Hwant de pastoar seit altyd, ik ha gjin forstân."
Doe sei er: "Dat wyt ik net, dat kostet nochal hwat."
Doe sei se: "Hwat kostet dat dan?"
Doe sei er: "Fiif en tritich stûren."
Doe sei se: "Dan mat dat mar oangean, dan krij ik tominsten hwat forstân."
Dat hy fan 'e trap ôf en doe togearre nei har sliepkeamer en dêr joech er har foar fiif en tritich stûren forstân.
Even letter sette er ôf mei de fiif en tritich stûren en de trije skinken.
It duorre net sa lang, doe kaem de pastoar wer thús.
"Is der ek nijs?" frege er de húshâldster. "Hat der ek ien west?"
"Ja," sei se, "de kâlde winter hat der west."
"De kâlde winter?" frege de pastoar.
"Ja," sei se, "en hy hat se meinaem."
"Hwat hat er meinaem?" woe de pastoar wite.
"Hwat jo foar de kâlde winter bisteld hienen", sei se.
Doe gong der him in ljochtsje op, dat hy pakte de trap en sette dy by de skoarstien. Mar de skoarstien is leech, de trije skinken binne fuort.
Hy draeit him om en seit: "Dû smoarge idioat. Dû hast gjin forstân."
Doe sei se: "Ik gjin forstân? Man, hwer ha jo 't oer. Ik ha mear forstân yn 'e kont as jo yn 'e kop. Hwant ik der krekt foar fiif en tritich stûren ynkrige."

Beschrijving
Een pastoor zegt zijn onnozele huishoudster dat gekregen hammen 'voor de koude winter' zijn. Als er een paar dagen daarna een schooier aan de deur verschijnt, vraagt de huishoudster of hij misschien 'de koude winter' is. Als de man dit beaamt, geeft de huishoudster hem zonder aarzelen de hammen mee. Als de huishoudster de hammen wil pakken, ziet zij dat het geslachtsdeel van 'De Koude Winter' uit zijn broek bungelt. Als ze vraagt wat dat is, zegt De Koude Winter dat dat 'een zak vol verstand' is. De huishoudster vraagt of ze daar niet wat van mag kopen, omdat de pastoor altijd zegt dat ze geen verstand heeft. Als de pastoor merkt dat de hammen weg zijn en zijn huishoudster kwaad toebijt dat ze geen verstand heeft, ontkent de huishoudster dit. Ze heeft nu meer verstand in 'de kont dan in de kop', aldus de huishoudster.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1208, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
6 augustus 1979
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21