Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120902

Een sage (mondeling), dinsdag 04 september 1979

Hoofdtekst

Rikele Myt wie in âlde tsjoenster dy't wenne ûnder Surhústerfean, op 'e Skieding. Dy hie altyd in protte apels yn 't hôf.
Folkert en Lykele Kuipers gongen dêr ris hinne to hofkesjongen op in nacht. Folkert stoppe de apels ûnder 'e kile, safolle er dêr mar hâlde koe; hy hie der in gurdle ûnder, dan koenen se der net ûnder wei sakje. Lykele hie in sekje by him, dat er hielendal fol treau. Doe't se beide genôch hienen, soenen se der mei útnaeije. Doe sei Folkert tsjin Lykele: "Ik kin net in stap mear fuortkomme."
Lykele sei: "Ik like min." Se stienen dêr't se stienen en sy koenen net in kant út mei har apels. Ta eintsjebislút liet Folkert de kile sakje en alle apels rûgelen op 'e groun en Lykele lege it sekje ek. Doe koenen se wer rinne. Se binne sûnder apels thúskaem. It wie âlde Rykele Myt dy't har dêr stean litten hie.

Onderwerp

SINSAG 0539 - Hexe bannt an den Platz    SINSAG 0539 - Hexe bannt an den Platz   

Beschrijving

Een heks zet appeldieven vast op hun plaats. Pas als de dieven de vruchten laten vallen, kunnen ze weer lopen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1209, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

4 september 1979
Hexe bannt an den Platz

Naam Overig in Tekst

Rikele Myt    Rikele Myt   

Skieding    Skieding   

Folkert    Folkert   

Lykele Kuipers    Lykele Kuipers   

Lykele    Lykele   

Naam Locatie in Tekst

Surhústerfean    Surhústerfean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21