Hoofdtekst
De keet dêr't Sierde Jets yn wenne stie op 'e Skieding. In swager fan my wie feint by in sekere Haitsma, in boer. Dy boer stjûrde him ris in kear mei ien fan syn bargen nei de bear ta. Doe wienen se oan 'e keet fan Sierde Jets ta, doe woe de baerch ynienen net in stap fierder. Hoe't myn swager der ek achteroan siet, hy koe it beest mei gjin mooglikheit de keet fan Sierde Jets foarby krije. Doe is er werom gong mei de baerch en is in oar paed delgong. Doe wie 't goed, doe woe de baerch wol rinne. (it dier wie bang foar Jets)
Onderwerp
SINSAG 0539 - Hexe bannt an den Platz
  
Beschrijving
Een heks zet een varken vast op de weg.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1209, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
4 september 1979
Hexe bannt an den Platz
Naam Overig in Tekst
Sierde Jets   
Skieding   
Haitsma   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
