Hoofdtekst
It wie rounom wol bikend dat de potskippers van der Meer ôfgryslike sterk wienen. Mar ien kear ha se har master foun.
Heit fortelde dat se har stamtafel hienen yn 't café, midden yn 'e buorren fan Sumar. Dêr mocht net ien oars oan dat taffeltsje sitte, dat wie harres.
Op in sneintojoun kaem dêr in keardeltsje; 't wie mar in bihyndich mantsje. Dy gong dêr by dat taffeltsje sitten en bistelde hwat to drinken en to iten. Doe kaem âlde Melle potskipper by him en sei: "Soest' dêr wol wei gean wolle? Dû sitst op m_n stoel."
It mantsje sei: "As ik myn iten en drinken op ha, gean ik fuort; ik ha noch in lange reis to goede."
Doe soe Melle him fan 'e stoel smite, mar it pakte oars út. It jonge mantsje pakte Melle beet, tilde him op en smiet him oer de wei hinne, in rejael ein.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een klein, behendig mannetje gaat in een café aan de stamtafel van een stel sterke potschippers zitten. Als de potschippers het mannetje willen verwijderen, zegt die eerst rustig zijn eten en drinken tot zich te willen nemen. Als een potige schipper het mannetje hierop van de stoel wil gooien, grijpt het mannetje de schipper beet en slingert hem een heel eind de weg op.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1210, verhaal 20 (archief MI)
Commentaar
15 september 1979
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Melle   
Naam Locatie in Tekst
Sumar   
Meer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21